Opnij kameratafersjoch yn Ljouwerter Vlietsône nei oerlêst

12 maaie 2021 - 12:34

De gemeente Ljouwert pleatst opnij kamera's op ferskate strjitten yn de Vlietsône yn de stêd. Dat docht de gemeente nei't de lêste tiid mear meldingen fan oerlêst west ha.

Ien fan de kamera's op de krusing fan it Keetwaltje mei de Willem Loréstraat - Foto: Omrop Fryslân

De kamera's komme op de krusing fan de Bote van Bolswertstraat mei de Willem Loréstraat en op de krusing fan it Keetwaltje mei de Willem Loréstraat. Op beide plakken hongen fan desimber 2019 oant oktober 2020 ek al kamera's. Dat wie doe ek fanwege oerlêst yn de omjouwing.

De ôfrûne moannen hat it Meldpunt Overlast Leeuwarden opnij fjouwer meldingen fan oerlêst krigen. De plysje hat tweintich kear yn aksje west. Yn oerlis mei fertsjintwurdigers út de wyk is no besletten om opnij kamera's op te hingjen.

Dy kamera's bliuwe dêr oant 1 oktober 2021. Yn septimber besjocht de gemeente oft se dêrnei fuort kinne of langer hingjen bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)