Poppenijs yn AquaZoo: fokprogramma's wallaby's en pinguins suksesfol

12 maaie 2021 - 10:20

Yn bistepark AquaZoo yn Ljouwert binne ferskate nije bisten berne. It giet om twa moeraswallaby's, ien tammarwallaby en twa Afrikaanske pinguins. AquaZoo is op dit stuit de iennige bistetún yn Europa dêr't in krekt berne tammarwallaby te sjen is. Nei alle gedachten binne de jongen fan 19 maaie ôf te sjen.

Foto: AquaZoo

Dat der twa moeraswallaby's by kaam binne, is ek in sukses foar AquaZoo. It park is dwaande mei in fokprogramma om in sûne populaasje yn stân te hâlden. Dat jildt ek foar de Afrikaanske pinguins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)