Nivo Fryske les op basisskoallen lyts bytsje heger

12 maaie 2021 - 14:29

Op syn minst fjouwer Fryske basisskoallen jouwe bettere Fryske les as trije jier lyn. Se krije fan de provinsje Fryslân in heger Taalplan Frysk-profyl. Dat profyl jout oan wat it nivo is wêrop't in skoalle it fak Frysk oanbiedt.

Foto: Omrop Fryslân

Trije jier hat de provinsje alle skoallen dêr't Frysk jûn wurdt in nivo jûn. Fan dy skoallen ha no 21 opnij te hearren krigen hoe goed it fak dêr op it stuit is. Yn fyftjin gefallen is it nivo lyk bleaun. By alve fan dy fyftjin sit it Frysk op it heechste nivo, dy krije it A-profyl.

Fjouwer skoallen ha no in heger profyl krigen as earst, by twa oaren gong it nivo just omleech. Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de earste resultaten. "Yn de pear gefallen dat de skoallen in lytse efterútgong yn oanbod en dêrmei it takende profyl sjen litte, hienen de skoallen dêr in plausibele reden foar."

Oer njoggen jier alles op it heechste nivo

Yn 2022 binne alle resultaten bekend. De provinsje wol dat alle skoallen yn 2030 in A-profyl ha. Dat profyl hâldt yn dat skoallen op heech nivo Fryske les jouwe yn it ferstean, lêzen, praten en skriuwen. Skoallen dy't in leger profyl krije, ha no noch in frijstelling foar guon ûnderdielen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)