Kollum: "Fytse"

12 maaie 2021 - 08:43

"Doe't se dêr yn 2010 de start fan de Tour de France hiene, kamen ien miljoen minsken nei Rotterdam. En der sieten 17 miljoen foar de telefyzje te sjen hoe't de Erasmusbrêge der útsjocht. Logysk dat Rotterdam yn 2024 wer in Tourstart hawwe wol. Den Haag docht ek mei, en de hurdfytsers moatte ek noch in slach troch Limburch meitsje. Heuveltsjes.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

"Sy hawwe noch net in stoer útjûn dêr, dus wylst ik nei de start fan de Giro seach tocht ik: dit moat oars. Neat Rotterdam, wý moatte de Tour de France nei Fryslân helje. Joop Atsma en Sander de Rouwe hawwe it der wolris oer hân, mar tsjintwurdich harket nimmen mear nei it CDA, dus ik moat mar efkes. Tour de Fryslân.

It moat gau, want Fryslân is hielendal net populêr by de toeristen, wylst dat de iennichsten binne dêr't wy jild oan fertsjinje kinne. Dus fytse en dan krije we samar 40 miljoen minsken foar de telefyzje. Fryslân yn byld.

De prolooch op de Ofslútdyk. Dy moat wol trije wiken yn 't foar ôfsletten wurde, mar dat bart no ek alle dagen. In kearsrjochte prolooch, sit hinne en wer gjin bocht yn. Grif de helte dêrfan tsjin de wyn yn beuke, wynkrêft 7. Machtige bylden dus, fan it Waad. En de wynmûnen yn de Iselmar giselje omraak. Witte sy dat wy in duorsum folkje binne.

De oare deis in etappe fan Harns ôf de nije Waaddyk del. Kinne we Sense of Place sjen litte. Wy litte de hurdfytsers in lyts stikje troch de waadklaai fytse, tusken allegearre opsette plastic strânljippen troch. Echte ljippen fleane fuort fanwegen al dy yn de blabze fallende hurdfytsers.

Spitich dat se net Waadfytsrinne kinne nei It Amelân, dêr is in stodún dochs it heechste punt fan de provinsje. No dan moatte sy mar efkes oer de bulten by Holwert oan See, want dêr sille sy dan wol dwaande wêze.

Fierder nei Dokkum. Fansels ek de oare stêden del, want we moatte wol alle fonteinen sjen litte. Yn Dokkum hawwe sy aldergeloks de jekjes noch oan, want dêr moatte sy om de friesfontein hinne fytse.

Tusken Dokkum en Ljouwert efkes by de pear kastieltsjes del. Dat heart sa yn de Tour. Poptaslot en Stania State. Dan hawwe wy it ek wol hân. Tresoar soarget foar de skiedkundige ferhaaltsjes yn trettjin ferskillende talen.

As al dy lûde strieljagers de oefenromte Fryslân in dei mei rêst litte, kinne wy út helikopters en drones wei ek de 419 doarpkes fan Fryslân sjen litte. De foto fan de freeds-Ljouwerter komt dan ta libben. Al reitsje de sjoggers wol yn 'e tiis mei twa Raerden, twa Reahels en trije Aldegeas.

Alle boeren hawwe kij yn de greide en sy meane pompeblêden om de oanplante blomkes hinne. Yn Sleat stiet in Skotsploech de hiele dei te dûnsjen, Aald Hielpen wiuwt nei eltse helikopter.

By Langwar efkes oer de A7 oer de Aldeweisbrêge en dan farre dêr fansels 77 skûtsjes op de Wielen. Tusken Koudum en Warkum in slach troch It Heidenskip, dêr ljeppe de ljeppers wiuwende oer de sleatsjes. En yn Frjentsjer stean de earste klaskeatsers klear om keatsbaltsjes oer it peloton te slaan.

Oan de ein in dwylsinnich gefaarflik parkoers troch Ljouwert hinne. Allegearre bochten en fersmellinkjes, sa't wy in stik as trettjin falpartijen hawwe. As se yn elts gefal mar by Us Heit en Us Mem del komme. Dan wer nei de rûnwei en dan sprinte op de dyk nei Hurdegaryp op 'e hichte fan de hillige finish fan de Alvestêdetocht. Dêr steane Wiebe Wieling, Pieter Weening, Sven Kramer, Epke Zonderland, Suzanne Schulting en Ellen Fokkema klear om de blommen út te rikken.

Liket jim dat net wat. Rotterdam ynvestearre doe 12 miljoen en seit dat it 30 miljoen opsmiten hat. Dat siet dan yn toeristen dy't letter nei Rotterdam kamen. No, Rotterdam is neat oan, dus as Merk Fryslân goed ynvestearje soe komme se aanst yn bosken nei Fryslân ta.

Boppedat, wy ha hjir gewoan rjocht op. Want de âldste rinfyts is yn 1818 útfûn yn Fryslân. Hy stie mei sân oare fytsen fertuteaze yn in loads fan de gemeente Waadhoeke. Sy wurde no oppoetst foar de Tour de Fryslân. Om te earjen dat wy yndertiid sá'n lui folkje wiene, dat wy in fyts útfûn hawwe."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)