Ljouwerter Dairy Campus wol op de buorkerij sels molke konsintrearje

12 maaie 2021 - 08:34

Op de Ljouwerter Dairy Campus is woansdei in demonstraasje dien mei it yndikken fan molke, om oan te toanen dat dit yn de takomst it bêste op de buorkerij sels dien wurde kin. Dat moat foardielen opsmite foar likegoed de boer as de suvelfabrikant. In nij systeem moat de molke op de buorkerij konsintrearje.

Sa sjocht de ynstallaasje derút:

Harry van Dalfsen leit op de Campus út wat de saneamde 'membraanfiltraasjemasine' docht: "Het haalt water uit de melk. Melk bestaat voor zo'n 85 procent uit water. Wij denken dat wij op de boerderij zo'n 50 procent water uit de melk kunnen halen. Daardoor krijg je geconcentreerdere melk in de tank. Je kunt zo een heleboel besparen op de koeling van melk, omdat er minder melk gekoeld hoeft te worden. Ook het transport kan halveren."

Mear as de helte wetter der út

En dat wylst de wearde fan de molke itselde bliuwt, leit Van Dalfsen út. "Het is alleen geconcentreerder. Het is niet eens veel dikker, je merkt het niet. Maar de helft van het water is eruit."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Harry van Dalfsen

Yn 2017 is troch Wafilin Systems al in pilot dien mei de technyk, mar no is it grutter ynsetber en kin it keppele wurde oan de draaimelkstâl. It bedriuw wol sjen litte dat it op gruttere skaal brûkt wurde kin en dat de kwaliteit fan de molke goed bliuwt.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It is wol in útdaging om produkten te meitsjen mei de konsintrearre molke. "Maar we hebben al kaas, yoghurt en kwark gemaakt van deze melk. En het overgebleven water kun je op de boerderij gebruiken. Een van onze mannen heeft een eigen brouwerij, hij heeft van het water bier gemaakt."

Op de buorkerij sels

Van Dalfsen tocht oer sa'n melkmasine nei om't hy sels in boeresoan is. "Het idee van de membraantechniek is niet zo nieuw, maar wel dat je dit op de boerderij kunt doen. En waarbij alles nog in de melk zit, ook het vet. De melk mag niet beschadigen door het indikproces. Als je zo'n melk-indikker direct aan een melkrobot koppelt, dan is er ook niet eens een heel groot filter nodig."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Jos van Dalfsen fertelt by de demonstraasje dat ek de snelheid in wichtich komponint is: "Er komt rauwe melk binnen, we willen de melk warm en zo snel mogelijk verwerken. We willen het halveren voordat de melk afkoelt, dat bespaart weer energie. Het water wordt eruit geperst, twee tanks wisselen elkaar af." It fet mei dus oanwêzich bliuwe yn it proses. "Het indikken wordt ook wel in fabrieken gedaan, maar dat heeft wel invloed op het vet."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Jos van Dalfsen

(Advertinsje)
(Advertinsje)