D66 freget Keamerdebat oan oer de stroomkabelplannen op Skiermûntseach

12 maaie 2021 - 07:35

Der komt in debat yn de Twadde Keamer oer it plan fan it ministearje fan Ekonomyske Saken om stroomkabels dwers troch Skiermûntseach oan te lizzen. Dy binne nedich foar de stroom fan in nij wynmûnepark, noardlik fan it eilân. It debat is tiisdei op oantrúnjen fan D66 oanfrege, nei oanlieding fan berjochtjouwing fan Omrop Fryslân.

Skiermûntseach - Foto: Shutterstock.com (Olha Rohulya)

Neffens Keamerlid Tjeerd de Groot is de problematyk 'veel groter dan Schiermonnikoog'.

Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66 fynt de kabelplannen in 'onzalig plan', sa skriuwt er. It docht skea oan de natuer op Skiermûntseach en op it Waad. "Wind op zee moet, maar niet zo. We laten de mensen en de natuur op Schiermonnikoog niet stikken", lit De Groot witte.

Kwetsbere natuer

De Groot hat in debat oanfrege mei de minister fan Ekonomyske Saken en de minister fan LNV. Mei om't der ûnrêst ûntstien is op it eilân.

"Boven de Waddenzee worden windmolenparken aangelegd. Daar is D66 groot voorstander van, alleen is er nog het nodige te doen over de kabel tussen die parken en het vasteland. Om de een of andere reden lijkt het de minister van EZK en TenneT nodig om die kabel dwars door Schiermonnikoog te leggen, en ook nog eens over het wantij, het meest kwetsbare stuk van de Waddenzee", sa liet De Groot oan de Twadde Keamer witte.

Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66

(Advertinsje)
(Advertinsje)