Greidefûgelkampanje set útein: boeren moatte it lân 'Gewurde litte'

12 maaie 2021 - 07:08

'Gewurde litte,' dat is it tema dat dit jier oan it provinsjale projekt Grutsk op ús Greidefûgels jûn is. Dat projekt rint al sûnt 2018 en hat alle jierren in oare ynstek. "It is de bedoeling om boeren, leanwurkers en fûgelwachters mei te krijen yn it omtinken foar de greidefûgels," leit Henk de Jong fan de Bond van Friese Vogelwachten (BFVW) út.

Sa begûn de greidefûgelkampanje woansdei:

It giet út fan positiviteit en frijwilligens, seit De Jong. En dit jier is it fersyk beskieden, nammentlik: doch neat mei ien of mear stikken lân.

"Dit jier is it dus eins maklik," seit er. "Doch neat. Dus op it lân gjin keunstdong brûke en bygelyks net of pas letter meane. Dat is goed foar it bioferskaat en dus ek foar de fûgels. Wy hawwe boeren earder ek wol frege om in bunder lân yn te siedzjen mei krûdryk gers, of om yn de maitiid in stik lân ûnder wetter te setten."

Troch op in strook gjin keunstdong te struien, wurdt de grûn earmer en sa komt der mear romte foar planten, ynsekten en fûgels. En troch bygelyks pas healwei july te meanen bliuwe der ek skûlplakken oer foar pykjes. Foardielen foar de boer binne dat it tiid yn ûnderhâld en keunstdongkosten besparret.

De kampanje 'Gewurde litte' fan it inisjatyf 'Grutsk op ús Greidefûgels' - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Grutsk op ús Greidefûgels is in inisjatyf fan provinsje Fryslân, LTO-Noord, Cumela, KBF, Nordwin, Van Hall Larenstein, BFVW en AJF.

Klearebare winst

Der dogge al sa'n hûndert boeren mei 'Gewurde litte' mei. "Wy daagje boeren en leanwurkers út om oan de gong te gean en ûnderdiel te wêzen fan de feroaringen dy't wy graach sjogge. De aksjes rinne meardere jierren. Ik tink dat der bygelyks al sa'n 800 bunder krûdryk gerslân bykaam is yn Fryslân. Dat is klearebare winst. Mar der moat ek noch in soad barre, dus eltse stap helpt."

By boer Menno Andreae by Jellum is woansdei in boerd op it hiem pleatst mei de tekst 'Gewurde litte.' "Dat is fansels symboalysk, wy sjogge graach dat oere boeren folgje. Dizze famylje docht al jierren mei oan de aksjes. Se hawwe ek wetterpompen op it lân. De Ljouwerter fûgelwacht is der ek aktyf. It hat by him fertuten dien, want op guon plakken op syn lân tilt it op fan de greidefûgels."

Henk de Jong fan de Bond van Friese Vogelwachten (BFVW)

De kampanje 'Gewurde litte' fan it inisjatyf 'Grutsk op ús Greidefûgels' - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(Advertinsje)
(Advertinsje)