't Andere Museum yn Ljouwert wol mear besikers en profesjoneler wurde

12 maaie 2021 - 06:32

It is net it meast bekende museum yn Ljouwert: 't Andere Museum oan de Oostersingel. En dêrom wol it museum profesjoneler wurde en mear besikers lûke. Hoewol't it museum al 20 jier bestiet, witte oant no ta net in soad minsken it te finen. Foar it coronafirus kamen der sa'n 5.000 minsken it jier. Neffens direkteur Jan Kees Geersing moatte dat der tenei sa'n 10.000 wurde. Hy wol it museum fan de oldtimers, it kantguod, de radio's en de treintsjes mear op de kaart sette.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Geersing hat it museum sa'n trije jier lyn oernaam fan syn âlden. "Mijn vader is recentelijk overleden, dat bracht de overname in een stroomversnelling. Ik wil een professionaliseringsslag slaan. Het is een mooi museum met een mooie collectie, maar er kan wat meer structuur en logica aangebracht worden. Zodat er ook meer rust in de opstelling komt. En een museum heeft ook een maatschappelijke functie, dus ik wil ook bepaalde thema's aankaarten."

Ut priveekolleksje wei

It museum is ûntstien út de priveekolleksje fan heit en mem Geersing. "Zij zagen het toch als veredelde opslagplaats voor een hobby en hebben er daarom niet bewust veel naamsbekendheid aan gegeven," ferklearret soan Jan Kees.

Direkteur Jan Kees Geersing fan 't Andere Museum

En dat wylst it wol in moaie kolleksje is, sa seit hy: "Mijn vader was elektrotechnicus, maar werkte als directeur van een energieconcern. Om toch met de technische achtergrond bezig te blijven heeft hij vaak gerestaureerd. Dat is hier ook het geval, het meeste is in werkende staat."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Jubileum yn coronajier

It coronafirus smyt wol wat roet yn it iten as it om it jubileum giet. "We zijn na 2000 begonnen, in 2002 was het pand voor het eerst open. Het is wel gek om nu een jubileumjaar te hebben in coronatijd. Maar we zijn wel trots dat we er nog altijd zijn. We wilden een groot feest houden, maar dat zal toch anders moeten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)