Gjin útwreiding en dyk bedriuweterrein Melle Grietjespad op Skiermûntseach

12 maaie 2021 - 06:12

De plannen om it bedriuweterrein Melle Grietjespad op Skiermûntseach út te wreidzjen geane net troch. Boppedat wurdt der gjin nije dyk by it terrein oanlein. Dat hat it kolleezje besletten, nei in enkête ûnder bewenners en toeristen. Dêr die út bliken dat der gjin draachflak foar de plannen is. Earder waard der op it eilân ek al tsjin protestearre.

De Middenstreek op Skiermûntseach - Foto: Shutterstock.com (Ronald Wilfred Jansen)

Ut de enkête die ek bliken dat minsken it 'autolije karakter' wichtich foar Skiermûntseach fine. Dêrom wol it kolleezje stranger hanthavenje op de ûntheffingen as it om de Middenstreek, Nieuwestreek en Reeweg giet.

As lokaasje foar in nije busremize kiest it kolleezje foar de Knuppeldam. Alle besluten yn it einrapport oer de romtlike oardening wurde yn juny offisjeel oanbean oan de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)