Sekswurkers iepen, en kroegen ticht: "Dat begripe we net hielendal"

11 maaie 2021 - 22:02

Net elkenien is like posityf oer de ferrommingen fan de coronamaatregels, nei de parsekonferinsje fan it kabinet. Dêr't de ien in gat yn de loft springt, is de oar beslist net gelokkich.

Foto: ANP

Premier Rutte seit dat de regels ferromme wurde kinne, as it oantal nije sikehûsopnames leech genôch is. Hy tinkt dat it nije wike al safier wêze kin.

Fan 19 maaie ôf soene attraksjeparken en dieretunen dan wer iepen kinne. Iepenloftmusea ek. Mar oare musea bliuwe ticht. Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum begrypt dat net. "Wij zijn hier niet blij mee, maar als individueel museum kun je er niet veel aan veranderen."

Neffens Callens kinne musea iepen, as attraksjeparken dat ek kinne. "Een tijdje geleden was er sprake van dat musea als doorstroomlocaties aangemerkt zouden worden. Dat zijn we eigenlijk ook. Er is geen enkele coronabesmetting geweest die herleidbaar was naar een museumbezoek."

It Fries Museum hat meidien oan in proef, mei publyk dat talitten wurde mocht nei in negative coronatest. "De tests zijn een oplossing voor een probleem dat er niet is. Dit was ook zonder testen goed gegaan. Behalve dat mensen zonder museumkaart nu niet naar binnen mochten. We willen weer open voor alle mensen die bij ons reserveren."

"Dit is net genôch"

As de ferrommingen trochgeane, meie de terrassen aanst ek langer iepen. Ut namme fan de Fryske hoarekasektor reagearret Melle Bakker mei ûnbegrip. "Yn de retail is alles noch mooglik. Sekswurkers kinne ek wer oan it wurk. Mar yn de hoareka meie we allinne de bûtenterrassen noch brûke. Dat begripe we net hielendal."

Bakker hat wol yn de gaten dat it om corona giet, seit er, en dat de feilichheid fan de minsken foarop stiet, "mar wy stride fierder foar it iepenjen fan de binnenromtes. Allinne de terrassen iepen, is net genôch, En net rendabel."

In gat yn de loft

Oaren binne better te sprekken oer de maatregels dy't Rutte oankundige. Sportskoallen soene wer iepen kinne. Jelle Eijzenga hat in sportskoalle yn Berltsum. Hy wie út de skroeven, direkt nei de parsekonferinsje. "Wy sprongen in gat yn de loft."

"It siet der al oan te kommen, we hiene ferline wike al de stille hoop dat we los koene, mar doe wiene de sikehûssifers noch net goed genôch", seit Eijzenga. "Wat Rutte sei wie dúdlik. We geane der fan út dat we nije wike de doarren wer iepenje kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)