Tydlik fûns stipet trije Fryske kultuerstichtingen yn coronatiid

Trije kulturele stichtingen út Fryslân krije jild om foarstellingen yn coronatiid mooglik te meitsjen. Dat is ûnder oare bedoeld foar de kosten dy't makke wurde moatte om publyk feilich te ûntfangen.
© Akkers & Velden, Saris & den Engelsman
It jild komt út it Kickstart Cultuurfonds. Dat is in tydlik fûns dat oprjochte is om de kulturele sektor yn coronatiid te helpen. Der is sa'n 20 miljoen euro beskikber.
Der is no trije miljoen euro fan útjûn. Dêrfan giet der no sa'n 60.000 euro nei Fryslân. De stichting 'Muziek in Jou' út Ljouwert kriget 13.200 euro, foar de foarstelling 'Pianohuis'. De stichting 'Akkers & Velden' út Oerterp kriget 9.650, foar 'Angry Alan'. It jild is bedoeld as kompensaasje foar de ynkomsten, dy't der no net binne.
De stichting 'BUOG' kriget mear: 37.471 euro. dat jild is bedoeld om oanpassingen te dwaan sadat publyk feilich komme kin, by de lokaasjefoarstelling 'Woeste Gronden'.
De Fryske en lanlike kultuersektor hat it swier. Troch corona meie al tiden gjin grutte gearkomsten organisearre wurde, en dat rekket benammen dizze sektor. Foarstellingen moatte opskood of ôfsein wurde, wylst de sektor foar de krisis al jild tekoart kaam. It liket de bettere kant op te gean no't de earste maatregels ferromme wurde, mar ek as foarstellingen wer meie, kostet it wat om eveneminten te organisearjen en coronaproof te meitsjen.