Tiny Hoekstra ferruilet SC Hearrenfean nei njoggen seizoenen foar Ajax

11 maaie 2021 - 20:00

Nei njoggen jier by SC Hearrenfean spilet fuotbalster Tiny Hoekstra it kommend seizoen foar Ajax. "It is in hiele stap foarút."

Tiny Hoekstra (24) begûn yn Rinsumageast

Hoekstra (24) hat in kontrakt tekene foar in jier. Se is net de iennige Friezinne yn Amsterdam, Sherida Spitse spilet dêr ek.

Hoekstra komt oarspronklik fan Rinsumageast. Se makke har debút by Hearrenfean yn 2012, doe't de Feanfroulju noch yn de BeNe League spilen.

It beste jier belibbe Hoekstra yn 2018/2019, doe't se mei Fenna Kalma in pleach wie foar de earedifyzjeferdigeners. De oanfalster makke dat seizoen 27 doelpunten. Se spile ek ferskate jeugdynterlâns foar Oranje, mar ta in debút yn it Nederlânsk alvetal kaam it noch net.

'In nije útdaging'

Nei njoggen seizoenen foar Hearrenfean is it neffens Hoekstra tiid foar in oare klup. "Ik tink dat ik ek wol ta wie oan in nije útdaging. Ik bin grutsk dat ik dizze stap meitsje kin en ik tink dat Ajax in hiele moaie klup is, mei it fuotbal dêr't ik krekt tusken pas."

Foto: Ajax

Ajax docht de lêste jierren mei om de titel en waard yn de noch jonge skiednis twa kear kampioen by de froulju. It nivo is heger as by Hearrenfean, mar der binne mear ferskillen. "De fasiliteiten binne dêr supergoed. Kinst altyd krêfttraining dwaan ast dat wolst. Hearrenfean kin dêr noch wol stappen yn sette."

Blessearre

It soe samar kinne dat Hoekstra hat lêste wedstriid foar Hearrenfean al spile hat. Se is al wikenlang blessearre, en de kompetysje duorret noch mar koart. Der binne noch fjouwer wedstriden.

Se hopet dat se noch spylje kin foar de ploech fan coach Roeland ten Berge. "Ast dêr salang balle hast, wolst der op in goeie manier ôfslúte. Mar der is ek wol in kans dat ik net mear yn aksje kom."

Topklups sjoppe by Hearrenfean

It is lang net foar it earst dat de Nederlânske topklups spilers ophelje by SC Hearrenfean. Allinne yn de lêste trije jier al stapten meardere Feanfroulju oer nei Ajax, FC Twente of PSV.

2019

  • Danique Ypema (FC Twente)
  • Fenna Kalma (FC Twente)

2020

  • Melanie Bross (PSV)
  • Laura Strik (PSV)
  • Quinty Sabajo (Ajax)
  • Kerstin Casparij (FC Twente)

2021

  • Tiny Hoekstra (Ajax)

SC Hearrenfean sit wat nije spylsters oanbelanget ek net stil. Foar it kommend seizoen hat de klup Merel Bormans (Standard Luik), Claire Dinkla (Ajax) en Chimera Ripa (VV Alkmaar) al fêstlein. Boppedat binne der meardere spylsters dy't no ek al aktyf binne by de Feansters dy't it kontrakt ferlinge hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)