Skieppehâlders Ketlik yn de ban fan de wolf: "Is dit no de natuer dy't we wolle?"

De wolf dy't yn de omkriten fan Ketlik sjoen is, hat skiep fan meardere skieppehâlders oanfallen. Dy witte net hoe't se de bisten beskermje kinne tsjin de wolf.
Deabiten skiep troch wolf
Yn it ôfrûne wykein wist it bist trije skiep te pakken en yn de nacht fan moandei op tiisdei hat de wolf ek twa skiep biten. It bist waard snein filme yn de omkriten fan it doarp.
It is de nachtmerje fan elke skieppeboer, dat de skiep deabiten wurde. Foar Folkert Sterkenburgh fan Ketlik is dy nachtmerje útkommen. Doe't hy moarns yn de greide kaam, seach hy dat in laam en twa skiep deabiten wiene. In saakkundige befêstige dat in wolf it dien hat.
Sterkenburgh is net bliid mei de komst fan de wolf. "Dat bist kin frij syn gong gean, en wy moatte mar sjen wat we der mei dogge", seit er. Hy wol net dat syn skiep binnen steane, en in grut stek sjocht er ek net sitten. "Dat is yn de praktyk net te dwaan".
De skieppehâlder hat noch in stik grûn by Wolvegea en dêr hat er syn oare skiep hinne brocht. Hy hat no noch 50 skiep en 91 lamkes. "Mar as it sa giet dan is de nocht der gau ôf. Is dit no de natuer dy't we wolle?"
© Maaike van der Hoek, Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by Skieppehâlder Sterkenburgh
De wolf hat it net by de skiep fan ien skieppehâlder litten. Yn de nacht fan moandei op tiisdei hat it bist wer taslein. In laam en in skiep fan skieppehâlder Anko Hofstra binne oanfallen.
"It skiep libbe noch doe't ik har fannemoarn fûn", seit Hofstra. Middeis krige it skiep in spuitsje fan de feedokter. "Dat kin tocht net? Dêrfoar dogge je it net." Yn it lân stiet noch in skiep dêr't de wolf it laam fan pakt hat. "Se stiet de hiele dei te bletterjen. Se mist har."
De skiep fan Hofstra steane op grûn fan It Fryske Gea. "De skiep rinne no yn it bosk, mar se wurde faak ferpleatst nei oare stikjes grûn." In stek om it lân is dreech foar Hofstra. "We ferpleatse de skiep sa faak, dan moat der eltse kear wer in nij stek om. En binne se dan wol feilich? Ik ha der no ek in stek mei stroom omhinne."
Skiep fan skieppehâlder Hofstra © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Dat de wolf him hieltyd faker sjen lit, is net frjemd, seit Jeannet Hulshof fan Wolven in Nederland. "De wolf is hier altijd al geweest. Hij is wel een tijdje weggeweest om bepaalde redenen, maar is nu terug."
Yn Fryslân is der sa no en dan ien dy't in wolf sjocht, mar op de Deluwe komt er al folle mear foar. "Daar wonen al roedels wolven, en ook daar zijn schapenhouders."
Neffens Hulshof binne der yntusken middels om de skiep te beskermjen tsjin wolven, middels dy't we iuwen lyn net hiene. En doe libbe de wolf hjir ek al. "We kunnen onze schapen beschermen met hekken met stroomdraad. En, nee niet een hek om Friesland."
Hulshof begrypt dat it dreech is as je skiep oanfallen wurde, mar neffens har kinne skiep beskerme wurde mei stekken om it lân.
Jeannet Hulshof fan 'Wolven in Nederland' oer it jeien op wolven
© Omrop Fryslân

Wolvestek

Foar foarsitter Jehan Bouma fan de stichting Wolvenhek Fryslân is it bouwen fan stekken om it eigen lân ûnmooglik. De stichting is in petysje begûn om in wolvestek om Fryslân te pleatsen. Ynkoarten komt der in proefstek, fan meardere kilometers lang, om te sjen oft it stek der komme kin.
Jehan Bouma fan Stichting Wolvenhek Fryslân

Beskerme

Guon jagers sizze dat der yn Fryslân gjin plak is foar de wolf. In man dy't himsels jager neamt, hat oan de redaksje fan Omrop Fryslân witte litten dat in tal jagers op syk giet nei de wolf om it bist dea te sjitten. "Dat mag niet, er staat zelfs een gevangenisstraf op", reageert Hulshof dêrop. "Het dier is beschermd. Je mag er niet op jagen. Je mag hem zelfs niet opjagen."