Rutte doart ferrommingen wol oan: "Het zal niet afhangen van procenten"

De coronaregels kinne ferromme wurde, as it oantal minsken dat yn it sikehûs leit fierder omleech giet. It liket derop dat dat oer in wike safier is. Dat sei premier Rutte op in de parsekonferinsje oer it ferromjen fan de coronaregels.
Premier Rutte hâldt in slach om de earm
Premier Rutte seit dat de ferrommingen op 19 maaie yngean kinne, as de sikehûssifers it talitte. Twa dagen foar 19 maaie wurdt dúdlik oft der definityf grien ljocht jûn wurdt.
"We versoepelen als richting goed is, het zal niet afhangen van enkele procenten", seit Rutte. De kâns dat de ferrommingen net trochgeane, is "op dit moment niet groot."
As de ferrommingen trochgeane, betsjut dat it folgjende:
It loslitten fan de oardel meter yn it fuortset ûnderwiis moat better besjoen wurde, foardat der in beslút oer naam wurde kin, seit Rutte. It is net sûnder risiko, seit er. Hy freget it OMT opnij om advys.
Uterlik 25 maaie wurdt dúdlik oft dy regel loslitten wurde kin. Earst soe dat pas yn stap trije fan it iepeningsplan, mar no't stap twa al útsteld is, soe dat te lang duorje, foar bygelyks de bern yn Fryslân, sei minister De Jonge. Dan bliuwt der net in protte tiid mear oer, foardat de simmerfakânsje begjint.
Wachtsje op stap trije duorret te lang foar de bern yn Noard-Nederlân, seit minister De Jonge
"Dit is stap twee met een pauzeknop", seit Rutte. "Het blijft ontzettend belangrijk dat we ons aan de basisregels houden. Handen wassen, afstand houden, en bij klachten laten testen. Dan voorspel ik u, kan er in de zomer veel meer."
Minister Hugo de Jonge seit dat de faksinaasjekampanje goed op streek komt. "Dat is onze belangrijkste troef om corona eronder te krijgen."

'Foarsichtich optimisme' oer simmerfakânsje yn it bûtenlân

Minister De Jonge seit dat bûtenlânske fakânsjes yn guon gefallen sneon al mooglik wurde. No noch advisearret it kabinet minsken om net op reis te gean. Dat feroaret dit wykein, dan komt der in advys per lân. Lannen mei 'koade giel' wurde wer tagonklik.
De koades fan alle lannen binne te finen op wijsopreis.nl.
Yn oare lannen binne allinne 'needsaaklike reizen' tastien. Fakânsjes hearre dêr net by, seit De Jonge. Hy seit ek dat der in Europeeske reispas komt. Dy soe yn Nederlân foar de simmer klear wêze moatte. "De vrijheid zit in de lucht, maar versoepelen mag geen versloffen worden."
De Jonge hopet dat de populêre fakânsjelannen, lykas Frankryk, Italië en Spanje, gau wer tagonklik wurde foar toeristen. Op dit stuit jildt yn al dy lannen 'koade oranje'. Dat betsjut dat fakânsjereizen net tastien binne. Oft dat wol kin, hinget ôf fan de besluten dy't dêr naam wurde.
De tredde stap yn it iepeningsplan stiet net earder op de planning as 9 juny. Dan soene restaurants ek wer iepen kinne. Op 1 juny hearre we oft dizze tredde stap set wurde kin.