Oerheden komme yn aksje om zzp'ers yn de kultuer te helpen

11 maaie 2021 - 17:16

Oerheden komme yn aksje om zzp'ers yn de kultuer te helpen. Hieltyd mear selsstannigen ferlitte de sektor en dogge oar wurk en dat is in grut punt fan soarch. De gemeente Súdwest -Fryslân sil no ûndersyk dwaan nei de zzp'ers yn de kultuer en besjen wat se nedich hawwe. De provinsje Fryslân komt ek yn aksje. Der komt in regeling fan yn totaal 885.000 euro.

"Hâldt it net by it âlde, eksperimentear!"

De gemeente Súdwest-Fryslân hat foar sawol 2020 as 2021 1,8 miljoen euro beskikber steld as coronastipe. Dat jild giet bygelyks nei kulturele ynstellingen en buerthuzen, net nei zzp'ers. "Deze groep is onzichtbaar voor ons, maar ook wij horen verhalen dat veel makers, maar ook bijvoorbeeld geluidstechnici toch naar ander werk zoeken", seit wethâlder Mirjam Bakker.

De gemeente sil no ûndersyk dwaan nei dizze groep om te sjen wat se nedich hawwe.

Mirjam Bakker, wethâlder kultuer gemeente Súdwest-Fryslân

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De provinsje Fryslân komt earne yn de kommende wiken mei in spesjale regeling dêr't selsstannigen en lytse organisaasjes in soad oan hawwe kinne, sa tinkt deputearre Sietske Poepjes. It is de regeling 'ynnovaasje en eksperimint'.

Yn dizze pot sit 885.000 euro. "As jo bygelyks toaniel, muzyk of byldzjende keunst meitsje wolle en jo hawwe tiid nedich foar ûndersyk, dan kin dat fanút dizze regeling. Mar hâldt it net by it âlde. Eksperimintearje. Alles hoecht ek net te slagjen."

Grutte fraach is oft makkers dy't út de sektor wei binne, wol werom komme. Poepjes: "Lêsten op in digitale gearkomste mei allegearre makkers, mar ek yn berjochten dy't ik krij, fernim ik dat in soad minsken graach werom komme wolle nei de sektor. Ik tink dat it krekt op 'e tiid is."

Sietske Poepjes, deputearre kultuer

(Advertinsje)
(Advertinsje)