Operaasje Fryske Flagge: Feintsje fan Menaam jaget troch griene reinwâld yn Maleizië

11 maaie 2021 - 16:38

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Jan Baarda, oarspronklik fan Menaam. Hy wennet yn Kuala Lumpur yn Maleizië.

Jan Baarda yn Maleizië

Jan Baarda , oarspronklik fan Menaam, hâldt fan reizgjen. Fanwegen syn wurk ferhuze er nei Hollân en nei Gouda ferfear er nei Maleizië. In kollega fan him soe nei it bûtenlân te wurkjen. Dat gie net troch en doe is Jan yn syn plak gien. Hy hie de hannen frij en koe gean en stean dêr't er woe.

Yn Maleizië moast er de automatisearring fan in nij te bouwen stêd meihelpe op te setten. Dêr waard glêsfezel oanlein, fertelt Jan. Allegearre dingen dy't no hiel gewoan binne, lykas automatyske meterstânútlêzing, griene weach yn it ferkear en ynternetbankiere, moasten dêr doe opboud en oanlein wurde.

Hy soe earst in heal jier bliuwe, mar dat waard langer. Jan moete in Maleizyske frou mei wa't er no op de fjirtjinde ferdjipping yn in appartemint wennet yn it gebiet fan de haadstêd Kuala Lumpur. Dêr wenje mear as 1,8 miljoen minsken.

Griene wâld is tropysk reinwâld wurden

Jan-en-dy sjogge út op in berchhelling mei tropysk reinwâld. "Moarn kuierje wy 100 meter by de berch omheech en dan sitst middenyn de beammen. It feintsje fan Menaam jaget no troch it griene reinwâld", seit er ferwizend nei it ferneamde Fryske liet It Feintsje fan Menaam.

Maleizië is in prachtich lân om te wenjen, fynt Jan. Net sa glûpende kâld yn de winter as yn Fryslân. Mei syn frou is er Europa troch reizge mei de auto, fan Ierlân oant Praag. Se wolle no de omkriten dêr ferkenne. Se hawwe al op fakânsje yn Hongkong west en it nijste reisdoel is Fjetnam, mar dan moat it wol kinne fanwege de covid.

Aaien of wiete sok

Jan hat gjin plannen om werom nei Fryslân. It kâlde waar en it reedriden kinne him net folle skele. It aaisykjen mist er wol. "Moarns betiid mei de pols op de rêch it lân yn. Soms weromkomme mei aaien en soms mei in wiete sok." En wat er noch it aldermeaste mist is oranjekoeke.

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)