Ellen soarge foar in revolúsje yn de fuotbalwrâld: Froulju meie no mei mannen spylje

Froulju kinne aanst oant yn it heechste amateurnivo meifuotbalje mei de mannen. Dat hat it fuotbalbûn KNVB besletten, nei in proef yn Fryslân. Neffens it fuotbalbûn is dit in mylpeal, "een historisch moment voor het amateurvoetbal én wereldwijd".
© Omrop Fryslân
Foarich jier wie der yn Fryslân in proef mei in frou dy't meidie mei de mannen. Dat gong om Ellen Fokkema, dy't spile by VV Foarút, yn Menaam. Se wie de earste frou yn de wrâld dy't fuotballe yn in manljusteam.
Famkes koene oant no ta wol meidwaan mei de jonges, mar sadree't se folwoeksen wiene, moasten se kieze tusken in frouljuskompetysje, of mei mannen spylje yn de B-kategory. "Op basis fan de tiidsgeast en resinte ûndersyksresultaten sjogge we gjin reden mear om dêroan fêst te hâlden", seit Jan Dirk van der Zee fan de KNVB. Hy is direkteur amateurfuotbal.
It fuotbalseizoen wie fanwege de coronakrisis al nei sân wedstriden dien, mar de KNVB meldt dat der genôch spile is om konklúzjes te lûken út de proef mei Fokkema, by VV Menaam.
Minsken fan it fuotbalbûn ha wedstriden besjoen, en praat mei minsken dy't dêr belutsen by wiene. De nije regels jilde no oant en mei de A-kategory by de amateurs. Dat is oant en mei de twadde difyzje. Yn teory kinne der takom jier dus froulju spylje tsjin Hearrenfean of Cambuur, yn de beker.
Foarich jier makke Omrop Fryslân dizze reportaazje mei Ellen Fokkema. Yn har debútwedstriid by de mannen, tsjin Bitgum, krige se applaus doe't se it fjild op kaam.