RIVM meldt goed 150 nije coronabesmettingen

11 maaie 2021 - 15:34

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 152 nije nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. In dei earder gong it noch om 133 nije besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 158 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (37). Dêrnei folgje Smellingerlân (15) en Súdwest-Fryslân (13).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Der binne trije minsken mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Twa dêrfan komme út de gemeente Smellingerlân, en ien út Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 5.586 nije coronagefallen registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)