Promoasjespanning oant it lêst yn earste difyzje, "Mar foar ús is it in ver-van-mijn-bed-show"

11 maaie 2021 - 15:01

De spanning is grut yn de earste difyzje. Woansdei stride fjouwer ploegen om promoasje nei de earedifyzje. SC Cambuur hoecht him dêr net drok om te meitsjen, de Ljouwerters binne as kampioen al wis fan promoasje. Dochs kin de klup noch wol in rol spylje op de lêste wedstriiddei.

Foto: Orange Pictures

De tsjinstanner fan Cambuur is woansdei NAC Breda. Dat is ien fan de fjouwer ploegen dy't noch twadde wurde kin. It twadde plak jout rjocht op promoasje nei de earedifyzje. "Foar ús is dat in ver-van-mijn-bed-show", konkludearret trainer Henk de Jong tefreden.

De wedstriid tusken SC Cambuur en NAC Breda is woansdeitejûn live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It ekstra sportprogramma om dy wedstriid hinne begjint om acht oere.

It kommentaar út it Cambuur Stadion wei komt fan ferslachjouwer Andor Faber. Tongersdei is yn it Cambuur Sjoernaal op ynternet in wiidweidige gearfetting fan dat duel te sjen. Sneon is it ek op telefyzje.

Trainer Henk de Jong hopet dat syn âlde klup De Graafschap it oprêdt, mar ferwachtet dat dy ploech it dreech krijt. "Ik tink dat Helmond Sport goed wapene is. Dy sil wol wat oanmoedige wurde mei kratsjes bier of wat dan ek. Dat wurdt foar De Graafschap hiel lestich."

Henk de Jong wol de fjirde perioade ek winne

Cambuur spilet woansdei tsjin de nûmer fiif NAC en neffens De Jong sille dy wol op folle sterkte spylje. "Mar ik tink dat se yn bepaalde sitewaasjes ek harren rêst pakke sille. Ik tink dat NAC Breda him tariedt op de neikompetysje. Dy bliuwe hjir ek sliepen leau ik."

Tuskenstân yn de striid om plak twa

Klup Punten Tsjinstanner
2. De Graafschap 76 punten Helmond Sport-thús
3. Go Ahead Eagles 74 punten Excelsior-út
4. Almere City 74 punten Jong PSV-thús
5. NAC Breda 73 punten SC Cambuur-út

De Ljouwerters spylje wer mei de sterkste opstelling, fertelt De Jong. Dat betsjut dat reservekeeper Pieter Bos wer op de bank sit en dat Calvin Mac-Intosch, Mees Hoedemakers en Jarchinio Antonia weromkomme yn de basis. Der binne ek in oantal ôfwêzigen: Issa Kallon (skorst), Jamie Jacobs, Sven Nieuwpoort en Stanley Akoy (alle trije blessearre) sille der net by wêze.

De lêste wedstriid

Der binne in oantal spilers by Cambuur foar wa't de wedstriid tsjin NAC mooglik de lêste is yn it giel-blau. Fan Jarchinio Antonia, Giovanni Korte, Ragnar Oratmangoen, Delano Ladan en David Sambissa rinne de kontrakten ôf. Robert Mühren en Joris Kramer wurde hierd en hawwe ek noch gjin kontrakt foar folgjend seizoen.

Dochs is it net sa dat se no allegear spylje sille tsjin NAC of dat se ekstra omtinken krije. De Jong: "Dat ha ik hieltyd al dien. Ik wikselje moarn op gefoel gewoan, mar ik fyn dat guon jonges der noch yn moatte. Ik ha eltsenien deryn brocht, oant Pieter Bos oan ta. Dêr hâld ik net spesjaal rekken mei, dat haw ik al dien."

Ien fan de spilers foar wa't it dus nei alle gedachten de lêste wedstriid wêze sil, is Ragnar Oratmangoen. "Zoals het er nu naar uit ziet wel. Daar ga ik van genieten en dan gaan we wel verder kijken. Toen de optie niet is gelicht, is er uitgesproken dat het altijd nog mogelijk is. Maar ik heb nu nog niks gehoord."

Foar Ragnar Oratmangoen kin it syn lêste duel foar Cambuur wêze

Oratmangoen sjocht werom op in moaie tiid by Cambuur. "Ik heb twee jaar met heel veel plezier gevoetbald. Ik denk dat we twee hele mooie seizoenen hebben gehad, ook al verziekte corona de boel vorig jaar een beetje. We hebben twee topseizoenen gehad en ik heb het goed naar mijn zin gehad. Ik hoop dat we het mooi kunnen afsluiten."

In lege mage

De lêste fjouwer wedstriden spile Oratmangoen faak mei in lege mage. Hy is moslim en docht mei oan de ramadan. De wedstriden begûnen hieltyd as de sinne noch net ûnder wie en dus wie dat foar him sa no en dan wol dreech.

"Als je er eenmaal in zit, went je lichaam eraan en past het zich aan. Dan is het wel te doen. De afgelopen wedstrijd had ik geluk, toen bracht de trainer me pas in toen ik even wat had gegeten. Dat helpt wel weer", laket de oanfaller.

(Advertinsje)
(Advertinsje)