Brune float wachtet noch altyd op coronastipe: hûs ferkeapje en oan board wenje

11 maaie 2021 - 15:16

Al komme de ferrommingen stadichoan op gong, de brune float hat dêr neat oan. De skippers wachtsje noch altyd op de taseine 15 miljoen út it coronaneedfûns. En de ferrommingen sels smite ek net folle op, want farre mei lytse ploechjes kin net út. Technysk binne de skippers fallyt, seit skipper Eelke Dijkstra. "Wy libje op de geunsten fan ús klanten en leveransiers."

Skippen fan de brune float by Harns - Foto: ANP Foto

De float is technysk fallyt. Skipper Eelke Dijkstra leit út: "Der binne folle minder falliseminten as normaal. Dat komt omdat gjinien foar de oar de stekker derút doart te lûken. Guon skippers hawwe ekstra jild liend by de bank of by famylje."

Skipper Eelke Dijkstra: "Beloof it dan ek net"

Boppedat hawwe in soad klanten noch jild út te stean. Se hawwe in reiske boekt, mar troch de corona noch net farre kinnen. As de klant seit: it hat lang genoch duorre, ik wol myn jild werom hawwe, dan kinne in soad skippers it net betelje. "Wy libje op de geunsten fan ús klanten en leveransiers."

Hoefolle skippers oft fallyt gean, doart Dijkstra net te sizzen. "Guon hawwe it hûs al ferkocht en wenje no yn de roef. Oaren hawwe der oar wurk by socht om út de kosten te bliuwen. Skippers binne wend om mei in lyts bytsje jild útkomme te kinnen, mar it hâldt wol in kear op."

Se sizze no dat de coronastipe yn july komt, mar dêr is gjin dudlikens oer.

Eelke Dijkstra, skipper

Der is 15 miljoen tasein mar de útbetelling fan it jild duorret en duorret mar. It Fryske Twadde Keamerlid Aukje de Vries hat dêr Keamerfragen oer steld. Dijkstra: "Se sizze no dat it yn july komt, mar dêr is gjin dudlikens oer."

De brune float hat in museale, kultueel-erfgoed-wearde foar Nederlân, fynt Dijkstra. De Nederlânske steat mei dêr ek wolris each foar hawwe en jild foar op it kleed lizze. De skippers hawwe noait subsydzje ûntfongen. "Wy hâlde der net fan om de hân op te hâlden. As it sa dreech keallet mei it jild, beloof it dan ek net. Dit is frustrearjend."

Sa't it no liket kinne de skippers mei yngong fan 26 maaie wer mei lytse ploechjes sile. Dijkstra foarsjocht problemen by minsken dy 't foar gruttere groepen boekt hawwe. "Kinst net sizze: de helte fan de famylje mei net mei. Dat sille sy net akseptearje. Wy moatte op syk nei nije klanten. Mar wy bliuwe posityf."

(Advertinsje)
(Advertinsje)