Eineksamenkandidaten krije hert ûnder de riem fan NHL Stenden

11 maaie 2021 - 13:19

Learlingen dy't dit jier eineksamen dogge, krije in hert ûnder de riem fan de Ljouwrter hegeskoalle NHL Stenden. Sy meie in boadskip ynstjoere, dy't harren ûnderfining mei de bysûndere situaasje yn it ûnderwiis it bêst ferwurdet.

Foto: NHL Stenden

Foar learlingen dy't dit jier eineksamen dogge, hat dit jier neat normaal west, fine se by de hoteloplieding fan Stenden. Learlingen yn it middelber ûnderwiis hawwe al mear as in jier gjin normale lessen mear hân en boppedat wie troch de pandemy en de byhearrende maatregels hast gjin sosjaal kontakt mooglik. Neffens de inisjatyfnimmers docht dat de learlingen gjin goed.

De eineksamenkandidaten fan foarich jier wiene de earsten dy't mei de bysûndere omstannichheden te meitsjen krigen. De eineksamenkandidaten fan dit jier ûnderfine deselde problemen, mar krije neffens de hegeskoalle net likefolle omtinken. Mei de aksje wol de skoalle dêrom sels omtinken jaan oan de bysûndere situaasje op skoallen en de effekten dêrfan op de jongerein.

Outstending Wall

Mei in knypeach nei de namme fan de hegeskoalle is der in "Outstending Wall" opset. De kommende wiken meie learlingen dy't in utering oer corona betocht hawwe dizze op de digitale muorre pleatse. Njonken dat learlingen op dizze manier harren ûnderfiningen mei dit bysûndere skoaljier op in digitale muorre ferivigje kinne, ferlottet de hegeskoalle ek noch in pear prizen ûnder de learlingen dy't in boadskip ynstjoere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)