Minder leden betsjut de ein fan romrofte damklup Rinsumageast: fúzje mei Dokkum

11 maaie 2021 - 11:58

De damklups fan Rinsumageast en Dokkum sille fusearje, omdat de klups ôfsûnderlik hieltyd minder leden hawwe. De fúzje betsjut de ein fan twa fan de âldste sportferieningen yn de regio. De Dokkumer damklup (1926) soe oer fiif jier hûndert jier bestean. De damklup yn Rinsumageast (1933) draaide yn de jierren '90 mei de Nederlânske top mei.

Foto: Omrop Fryslân

De ôfrûne jierren spilen de klups al yn in ûnderlinge kompetysje. No sille se as ien klup fierder yn de nasjonale en de provinsjale kompetysje. De namme fan de feriening wurdt foarearst Damclub Dokkum-Rinsumageast. Yn in ledefergadering wurdt letter in definitive namme keazen.

Nasjonale beker foar Rinsumageast yn jierren '90

De dammers fan Rinsumageast waarden yn de jierren '90 lanlik bekend doe't se útkamen yn de heechste klassen fan Nederlân. Yn 1997 en 1999 wûnen se de nasjonale dambeker.

Yn 1998/1999 waarden se krekt net Nederlânsk kampioen. By de finale tsjin Hiltax Amsterdam yn doarpshûs De Beijer yn Rinsumageast wiene hûnderten taskôgers oanwêzich.

Nivo Damklup Dokkum-Rinsumageast

De bêste dammers fan de fusearre Damklup Dokkum-Rinsumageast sille takom seizoen útkomme op it twa nei heechste nivo. Yn de Fryske kompetysje wol de fúzjeklup mei trije teams meidwaan, alteast sa is de bedoeling.

Bekende (âld)leden fan Damklup Rinsumageast binne:

Bauke Bies, waard yn 1977 wrâldkampioen by de jeugd, wie ynternasjonaal master en nasjonaal grutmaster. Bauke studearre stjerrekunde yn Grins en hy wie in freon fan dammer Jannes van der Wal. Bauke is krekt as Jannes net âld wurden. Hy ferstoar oan hertfalen.

Tjalling van den Bosch, waard ein jierren '90 twadde mei damklup Rinsumageast yn de Nederlânske damkompetysje. Ek bekend as dielnimmer fan de wedstriden om de Sterkste Man fan Nederlân.

Guntis Valneris, ynternasjonaal grutmaster dammen út Letlân. Wrâldkampioen yn 1994 en Europeesk kampioen yn 1992 en 2008. Mei Rinsumageast waard er yn it seizoen 1998/1999 twadde yn de Nederlânske damkompetysje

Auke Scholma, ynternasjonaal en nasjonaal grutmaster. Waard ein jierren '90 twadde mei damklup Rinsumageast yn de Nederlânske damkompetysje.

Gerlof Kolk, Frysk kampioen yn 2007. Ek bekend as programmamakker by it telefyzjeprogramma HEA! fan Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)