Tal coronapasjinten yn Fryske sikehuzen nimt ôf

11 maaie 2021 - 13:08

Der lizze op it stuit 58 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dat binne der 21 minder as ferline wike, doe wiene it der noch 79. Fan de 58 pasjinten lizze der 27 op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN).

Foto: Shutterstock

It Acute Zorgnetwerk Noord Nederland updatet de sikehûssifers twa kear yn 'e wike. Yn Grinslân lizze der tiisdei 77 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 27 op in IC-bêd. Yn Drinte binne dat der 27, wêrfan 11 op in IC-bêd.

Der binne ek sifers fan it oantal Friezen dat yn in sikehûs leit. Dat kinne ek sikehûzen wêze dy't bûten Fryslân lizze. Dy sifers binne te sjen yn de ûndersteande grafyk.

Trefwurden: 
sikehûzen coronafirus AZNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)