Nije namme winkelgebiet

© Omrop Fryslân
It winkelgebiet yn Ljouwert dat foarme wurdt troch ûnder oare de strjitten Naauw, Grientemerk en Bertsumermerk krije in nije namme. It gebiet hjit tenei 'De Oude markten'. De nije namme is ûnderdiel fan it plan 'Binnenstad Boppe' fan de gemeente Ljouwert. Mei dat projekt wol de gemeente winkelgebieten dy't bûten it echte sintrum lizze mear omtinken jaan.
Der wurdt oer tocht om leechsteande winkels wer in bestimming te jaan en ek is der jild om suterige puien op te knappen. Yn de plannen wurdt ek it advys jûn om fan it hiele gebiet in fuotgongersgebiet te meitsjen.