Kollum: "Wij worden geregeerd door klungels"

11 maaie 2021 - 08:42

"It mei opfallend hjitte dat de faak as steatsomrop en links bolwurk omskreaune NPO sa'n protte omtinken hat foar saneamde tsjinlûden. Het Alternatief, Danny's Wereld, De Outsiders en no ek Filemon en de complotten. De lêste yn dat rychje giet dus spesifyk oer komplottinkers.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

It sjoernalistike dilemma dat him oantsjinnet by soks is ivich itselde: oan de iene kant moat der ferslach dien wurde fan ûnderstreamen yn de maatskippij, oan de oare kant is it de fraach oft je in poadium biede moatte foar komplottinkers om foar de kamera's leech te rinnen.

Filemon Wesselink hat foar it lêste keazen. Hy is ynlêzen, iepen en oprjocht belangstellend. Dy hâlding soarget foar in rige útstjoeringen dy't nijsgjirrich binne én de minsken yn harren wearde litte. Want de skieding tusken in sûn wantrouwen en in net-sûn wantrouwen yn bygelyks de oerheid is bytiden ûndúdlik.

Tink wat dat oangiet oan de taslaggeaffêre, it beskamsume ôfhanneljen fan de Grinslanner kwestje of it gegeven fan Nederlân as belêstingswindelparadys. Wantrouwen yn de oerheid is rjochtfeardige en sels bittere needsaak. Dat kinst ek stelle as it oer de oanpak fan it firus en de lockdown giet. It is terjochte en like needsaaklik dat dêr krityske lûden oer te hearren binne.

Oars wurdt it as minsken tinke dat corona sels in komplot is, dat it yn kombinaasje mei it 5G-netwurk in taktyk fan in elite is om de wrâldmacht te pakken en in digitale diktatuer te fêstigjen. Hoewol't dat lêste wier nuodlik is ast nei de ûntjouwingen yn bygelyks Sina sjochst. Sa bliuwt de skieding tusken sûn en net-sûn wantrouwen ûndúdlik.

Dat balansearjen makket it programma fan Wesselink krekt slim de muoite wurdich. Wat ek opfalt is dat by alle minsken dy't er folget sprake is fan in beskaat trauma. In konflikt mei de steat, in fallisemint, pesterij yn 'e jeugd of in ûnhuere burn-out. De yndruk ûntstiet dat se allegearre op harren eigen wize slachtoffer binne. Dêrtroch ûntstiet op dy mominten ek meilibjen.

Lykas yn it gefal fan in frou dy't gjin bern krije kin, mar troch it kontakt dat se mei aliens hat dochs in ûnsichtber en ûntaastber bern krige dat yn in oare diminsje libbet. En ja, wat is it ferskil mei sa'n frommeske en Mark Rutte, dy't yn in ûnsichtber en ûntaastber opperwêzen leaut en dêr, troch te bidden, alle dagen mei praat?

Hawar, de helderste konklúzje as it oer de oerheid en komplotten giet komt fan Wesselink sels, as er seit dat oft der in coronakomplot wêze soe it allegearre wol adekwater ferrûn hie, want: "Wij worden geregeerd door klungels, zoiets groots kun je niet aan ze overlaten. Dat is dan ook wel weer een troost.""

(Advertinsje)
(Advertinsje)