Noardeast-Fryslân en Dantumadiel wolle swiere kriminaliteit stap foar wêze

11 maaie 2021 - 07:19

De gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel wolle de swiere kriminaliteit op it plattelân in slach foar wêze. It binne de earste gemeenten yn Noard-Nederlân dy't harren ûnder oanfiering fan it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid ynsette tsjin benammen drugskriminaliteit.

Neffens boargemaster Klaas Agricola is it wichtich dat de gewoane boarger de eagen en earen foarmje fan de plysje. "Ek al krije we mar oanwizingen, dan kinne wy der wat mei as oerheid. Wy krije no hast gjin sinjalen. Dat hat ek te krijen mei hoe't we hjir binne. We ferlinke hjir gjinien, sizze de minsken dan. Mar dêrfoar is dit ûnderwerp te wichtich. As minsken harren stilhâlde, binne se eins ek skuldich as oaren de fernieling yngean."

De boargemaster sjocht hoe't it giet op it plattelân. "De kriminelen witte hiel goed wat jildpine is. Mar jo kinne mar ien kear ja sizze tsjin dizze minsken, dêrnei kinne jo gjin nee mear sizze. Dizze kriminelen binne spikerhurd. Dy tinke allinnich mar oan jild. It ynteressearret harren fierder net wat der mei de minsken bart."

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)