Priis fan 26,3 miljoen euro falt yn Fryslân

Fryslân hat der wer in miljonêr by. De saneamde Mega Jackpot fan de Staatsloterij is yn maaie fallen yn ús provinsje. De winner hat mar leafst 26,3 miljoen euro wûn.
© Pixabay
De winner kriget profesjonele stipe fan de organisaasje oanbean. "We noemen dat Eerste Hulp bij Geluk" seit Sander van de Vooren fan de Staatsloterij. "Nieuwe (multi)miljonairs hebben vaak heel praktische vragen en wij helpen hen op weg om zo lang mogelijk, zoveel mogelijk plezier te hebben van hun prijzengeld. Ik hoop deze prijswinnaar binnenkort te mogen verwelkomen in onze prijswinnaarskamer."

Wat kinst mei 26,3 miljoen?

26,3 miljoen euro is fansels in hiel grut bedrach, mar wat kinst der no eins mei? Kinst der bygelyks 52.600 kear in nije Playstation 5 fan keapje. Foar in autoleafhawwer giet it om 876 útfieringen fan in Volkswagen Golf.
Wolst it yn cryptomunten stopje? Dan kinst der 584 bitcoin fan keapje. Minsken dy't it jild leaver ynvestearje yn de wenningmerk witte dat in hûs yn Fryslân yn trochsneed 278.000 euro kostet. Dêr kinst dan 94 fan keapje.
En wannear't de gelokkige winner supporter is fan fuotbalklup Cambuur: foar it jild kinst ûngefear de helte fan it noch nij te bouwen Cambuurstadion betelje.