Fryske sjoernaliste Froukje Sijtsma beneamd ta lid fan Raad voor de Journalistiek

10 maaie 2021 - 21:31

Freelance sjoernalist Froukje Sijtsma út Ljouwert is ien fan de trije nije leden fan de Raad voor de Journalistiek. Dizze ried is in ûnôfhinklike ynstânsje dêr't minsken terjochte kinne mei klachten oer sjoernalistike aktiviteiten. Yn de ried sitte juristen, mediaprofessionals, mar ek net-sjoernalisten, dy't in bân mei de media hawwe.

Freelance sjoernaliste Froukje Sijtsma oan it wurk by Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De 36-jierrige Sijtsma wurket as freelance sjoernalist by ûnder mear Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Earder die se ûndersyk nei mediawetjouwing en media-etyk op Curaçao. Neist Sijtsma, binne ek sjoernalist Sheila Sitalsing en HUMAN-haadredakteur Marc Josten beneamd.

Oare kulturele eftergrûn

"Se sochten in froulike freelance-sjoernalist mei in oare kulturele eftergrûn. Doe tocht ik: neffens my foldoch ik dêr aardich oan, as Frysk in oare kulturele eftergrûn is", seit Sijtsma.

De sjoernaliste hat benammen reagearre om't se it belangryk fynt dat sjoernalisten goed neitinke oer hoe't se harren ferhalen meitsje. "As wy nijs bringe of ferhalen meitsje, dan hawwe we mei minsken en ynstânsjes te krijen. Dat binne minsken mei gefoelens, minsken mei status. Dêr moatte we hiel foarsichtich mei omgean. We moatte goed sjen oft wat we sizze en hoe't we it sizze wol kloppet, en oft it minsken gjin skea oandocht", seit Sijtsma.

Klachten

Der komme yn in jier likernôch hûndert klachten binnen by de Raad voor de Journalistiek. "Dat binne minsken dy't harren al oppenearre hawwe by de haadredakteur. Stel ien hat problemen mei wat Omrop Fryslân brocht hat, dy nimt dan earst kontakt op mei ús haadredakteur. Komme se der net út dan melde se harren by de Raad voor de Journalistiek", leit de sjoernaliste út.

As foarbyld neamt Sijtsma trije jonges dy't op in festival oan in sjoernalist, dy't dwaande wie mei in artikel oer drugshannel, fertelden dat se ek drugs yn de tinte lizze hiene. Dy jonges waarden mei foar- en efternamme yn de krante set. Letter tochten se der pas oer nei dat dat it miskien net sa handich wie foar harren lettere karriêre. Dy jonges fregen dêrom om yn de online publikaasje fan it artikel harren efternamme fuort te heljen.

Gjin straf

De Raad voor de Journalistiek kin gjin straf oplizze oan sjoernalisten of media. "Mar it jout wol oan dat der bepaalde noarmen en wearden binne, wêr't wy ús oan hâlde wolle. Der wurdt ek wol oer praat troch sjoernalisten as sa'n oardiel útsprutsen is. It is wol fan belang en it wurdt ek wol swier woegen troch mediabedriuwen", sa seit it nije lid.

Sijtsma begjint fan 1 juny ôf mei har wurksumheden as lid fan de Raad voor de Journalistiek.

Froukje Sijtsma oer har beneaming

(Advertinsje)
(Advertinsje)