Grutste Fryske ynstallaasjeburo Pranger-Rosier wurdt oernaam

Ynstallaasjebedriuw Pranger-Rosier, mei fêstigingen yn Dokkum, Ljouwert en Snits, wurdt oernaam troch Unica. Dat hat it bedriuw moandei bekend makke. Pranger-Rosier is sûnt 1967 aktyf en hat in omset fan likernôch 55 miljoen euro. Der wurkje 250 minsken by Pranger-Rosier.
© Google Streetview
Mei de oername wol Unica de regionale posysje yn Noard-Nederlân fersterkje. Unica realisearre ferline jier in omset fan 539 miljoen euro. By de technysk tsjinstferliener binne ûngefear trijetûzen minsken wurksum. Neffens algemien direkteur Marc Mulder fan Pranger-Rosier is de oername "in hiele moaie stap yn de ûntwikkeling fan it bedriuw".
De Autoriteit Consument & Markt (ACM) moat de oername noch wol goedkarre.
Direkteur Marc Mulder oer de oername