Ferry de Haan: "Officieel heeft zich nog niemand voor Joey Veerman gemeld"

10 maaie 2021 - 19:54

Fiif kear sei Ferry de Haan 'nee' tsjin in oanbieding fan in klup om dêr oan de slach te gean. NEC, NAC Breda, Feyenoord, FC Emmen en FC Twente krigen allegearre nul op it rekest. Mar doe't Cees Roozemond him benadere foar in rol as technysk manager, hoegde hy net lang nei te tinken.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

SC Heerenveen past bij mij.

Ferry de Haan, de nije technysk manager fan SC Hearrenfean

"Heerenveen past bij mij en qua karakter lijkt de club ook wel op Excelsior, alleen is Heerenveen vele malen groter en is er sprake van een ander ambitienivo", seit De Haan.

Yn de Sportcast giet De Haan wiidweidich yn op gearstalling fan de seleksje. Sa seit hy dat hy graach fierder wol mei doelman Erwin Mulder en mei Lasse Schöne. Ek komt in eventuele transfer fan Joey Veerman oan 'e oarder. "Voorlopig heeft hij nog een driejarig contract en er heeft zich officieel nog iemand voor hem gemeld."

SC Hearrenfean wie 10 jier lang de fjirde klup fan Nederlân en wie foar jonge spilers de ideale springplank nei de nasjonale top. "Mar dat is allang net mear sa", seit Arjen de Boer. "Hearrenfean is yntusken ynhelle troch klups as Sparta en Heracles Almelo."

Heerenveen moet zich de komende jaren richten op de posities zeven tot en met twaalf.

Ferry de Haan relativearret it ferwachtingspatroan 

De Haan is it foar in part mei him iens en fynt dat it ferwachtingspatroan nei ûnderen bysteld wurde moat. "Heerenveen is niet meer top zes, de komende jaren zullen wij ons richten op de posities zeven tot en met twaalf. Heerenveen wil zich graag kwalificeren voor de play-offs voor Europees voetbal, maar als je kijkt naar de ranglijst van de laatste zeven jaar, dan is de gemiddelde ranking negende. Maar we willen wel weer naar die play-offs toe!"

Grutte spilers

Toch is Hearrenfean neffens De Haan noch altiten ynteressant foar jonge talintfolle fuotballers. "De naamsbekendheid die Heerenveen heeft met grote spelers die ze hebben voortgebracht, dat is niet in één keer weg."

De Haan fuotballe yn it ferline mei Pierre van Hooijdonk, Jon Dahl Tomasson en Robin van Persie. Yn de UEFA Cup-finale fan 2002 doe't Feyenoord it opnaam tsjin Borussia Dortmund mocht hy noch fiif minuten meidwaan. "Als ik daar aan terugdenk, krijg ik nog kippenvel. Ik viel in en kreeg na 14 seconden al een gele kaart, maar Jan Koller heeft daarna ook geen bal meer geraakt", laket De Haan. "Dit verhaal doet 't altijd goed op verjaardagen."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)