Organisaasje Eilân wol festival trochgean litte yn 2022

10 maaie 2021 - 19:14

It Skylger dancefestival Eilân sil lang om let mooglik dochs plakfine. De organisaasje seit syn dream noch net opjûn te hawwen en besiket it festival yn 2022 trochgean te litten. Om draachflak ûnder de eilanners te kreëarjen freget de organisaasje tips en suggestjes om it festival op in goeie wize te organisearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn 2019 soe de earste edysje fan Eilân organisearre wurde, mar de rjochter hie dat doe op it lêste momint ferbean om't der problemen mei de fergunningen wienen. Der wie in soad konsternaasje oer de lokaasje wêr't it dancefestival holden wurde soe. Eilân soe nammentlik plakhawwe by de mar fan Hee, yn de buert fan in stiltegebiet mei beskerme bistesoarten.

Organisaasje freget om tips fia enkête

Om opskuor en oare problemen foar te kommen wol de organisaasje fan Eilân no de dialooch oangean mei de ynwenners fan Skylge. Yn in brief oan eilanners en oare ynteressearren kundiget de organisaasje oan in plan meitsje te wollen dat foldwaande draachflak hat ûnder de ynwenners fan it eilân. De organisaasje ropt dêrom op om soargen, tips en suggestjes te dielen. De organisaasje hat in enkête op syn webside pleatst wêryn't minsken datsoarte saken uterje kinne.

Eilân sil net earder as yn septimber 2022 plakhawwe. Oant dy tiid sil de organisaasje ûndersyk dwaan en de needsaaklike prosedueren trochrinne.

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(Advertinsje)
(Advertinsje)