PODCAST: 'Fan binnenút’ oer prate mei de bern

Veilig Thuis is it advys- en meldpunt foar húslik geweld en bernemishanneling. Yn de twadde ôflevering fan de podcastrige komme Maryse en Anita, beide meiwurkers fan Veilig Thuis, oan it wurd. Neidat sy in melding krigen hawwe, geane sy nei de húshâldingen ta. In wichtich ûnderdiel is dan prate mei de bern sels. Mar hoe dogge je dat?
Prate mei de bern sels oer heftige saken kin somtiden bêst lestich wêze. Want wat dogge je bygelyks as in bern earne net oer prate wol, of it sels noch net ûnder wurden bringe kin? Maryse en Anita fertelle dat de lichemstaal fan in bern dêrby hiel wichtich wêze kin.
De telefyzjesearje 'Fan binnenút: wa soarget foar in feilich libben?' wie oant en mei 3 maaie op telefyzje te sjen. Yn de oanfoljende podcastrige giet programmamakker Miranda Werkman opnij yn petear mei Veilig Thuis-meiwurkers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. De saakkundigen fertelle hoe't je as buorman, juf, beppe of fuotbaltrainer de bern helpe kinne.
Fan 3 maaie ôf komt der foar trije wiken alle moandeis om 16.00 oere in nije podcast online fan 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?'. De podcast is te beharkjen op omropfryslan.nl of op Spotify.
Fragen of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of hûslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis fia veiligthuisfriesland.nl