Maitiidsswalke by de Iselmarkust del: in dynamysk gebiet

De Iselmar is net allinnich by de wettersportleafhawwers populêr, mar ek by ferskate fûgels. De kust fan it Iselmargebiet is in bysûnder stik natuer, dat bot feroaret troch it jier hinne. Troch de hege wetterstân yn de simmer en de hurde wyn strûpt it gebiet geregeld ûnder. Dat smyt in soad nije planten op en is foar fûgels in moai plak om te sykjen nei ynsekten yn it slyk.
Yn dizze earste ôflevering fan De maitiidsswalker stiet de Iselmarkust sintraal mei Germ van der Burg fan It Fryske Gea as gasthear. Makkumer fûgelteller en filmer Henry Spruyt litte sjen hoe't sy de natuer belibje. Der komt in soad jong fûgellibben foarby, mar ek de floara krijt omtinken mei ûnder oare in spesjale, Fryske hynsteblom.
Yn dit gebiet fynst in soad fûgels dy't op reis binnen nei it easten. By de Iselmar is genôch iten om oan te sterkjen en dêrnei wer fierder te reizgjen. Ek is it gebiet in briedplak foar in soad fûgels.

Tichterby de natuer komme sûnder dy te fersteuren

Germ van der Burg leit út dat, nettsjinsteande de beheiningen fan in natuergebiet, der ek mooglikheden binne om tichterby de natuer komme te kinnen.
Germ van der Burg fan It Fryske Gea
Yn 'De maitiidsswalker' swalket Omrop-natuersjoernalist Remco de Vries yn seis útstjoeringen troch seis, grutte natuergebieten hinne om dêr maitiidsmerakels fêst te lizzen, sa't hy dat neamt. De Maitiidsswalker is alle moandeis te sjen om 17:15 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online.