Plysje wer werom yn binnenstêd

18 nov 2011 - 17:01

De plysje is wer werom yn de binnenstêd fan Ljouwert. Freed is de plysjepost oan de Heer Yvostrjitte offisjeel iepene. It is de útfalsbasis foar net allinne plysjeminsken mar ek foar stedswachten en partikuliere befeiligers.

Acht jier lang sieten de plysjes oan de râne fan it sintrum. Winkeliers binne bliid dat se wer blau op strjitte sjogge. It Ljouwerter sintrum moat der sa dei en nacht feiliger op wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)