Friezen kinne yn Frjentsjer coronaprik krije fan Moderna

10 maaie 2021 - 16:59

Wa't oproppen is foar in faksinaasje, kin aanst yn Frjentsjer telâne foar in prik fan it merk Moderna. Dat meldt de Fryske GGD. Op oare lokaasjes yn Fryslân wurdt Moderna net brûkt.

Foto: GGD

Allinne minsken dy't in útnûging krigen ha foar in prik, kinne yn Frjentsjer in faksinaasje helje. Se kinne in ôfspraak meitsje fia it telefoannûmer dat yn de brief stiet, en dan oanjaan dat se graach yn Frjentsjer prikt wurde wolle.

Dat minsken no kieze kinne foar Frjentsjer, of foar in oare faksinaasjelokaaje, betsjut net dat se ek kieze kinne foar Moderna of Pfizer, meldt in wurdfierder fan de GGD nei fragen fan Omrop Fryslân. Yn Frjentsjer wurdt ek noch prikt mei Pfizer, al binne dêr de kommende tiid wol mear Moderna-faksins beskikber. De kâns dat je yn Frjentsjer Moderna krije, is dus grutter as de kâns dat je dêr mei Pfizer prikt wurde, seit de GGD.

De kommende wiken binne yn Frjentsjer alle dagen 900 faksins beskikber fan it merk Moderna. De earste prikken wurde woansdei set.

AstraZeneca

It faksin fan AstraZeneca wurdt troch de Fryske GGD hast net mear brûkt, dat wurdt hjir allinne noch jûn oan minsken dy't al in earste prik hân ha fan dyselde fabrikant. Mei Janssen prikt de GGD hjir noch net, de wurdfierder hopet dat it gau beskikber komt.

De GGD meldt dat der yntusken hast 179.000 prikken set binne by minsken dy't yn Fryslân wenje. Dat kinne earste en twadde prikken wêze.

Trefwurden: 
GGD faksinaasje coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)