RIVM: 133 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân, gjin stjergefallen

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 133 nije nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. In dei earder gong it noch om 175 nije besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 168 besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (27). Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 23 en De Fryske Marren mei fjirtjin besmettingen.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne twa minsken mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeente Dantumadiel.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 5.910 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.051.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.