Aldste houten rinfyts komt nei alle gedachten út Fryslân

10 maaie 2021 - 14:15

De âldste houten rinfyts út 1818 komt nei alle gedachten út Fryslân. Der wurdt op dit stuit ûndersyk dien oft de rinfyts yndie de âldste fan de wrâld is. As dat sa is, dan hat dat in grut effekt op de skiednis fan de fyts.

Foto: Omrop Fryslân

Nei in lange syktocht hat Marcus van der Woude út Frjentsjer dizze iuwenâlde rinfyts en de rest fan de bysûndere kolleksje weromfûn. It giet om yn totaal acht fytsen út de 19e iuw fan Frjentsjerter Jan Nicolaas Jellema, dy't sûnt in pear jier erkend en yn it besit binne fan de gemeente Waadhoeke.

Om te gûlen

It wie hiel emosjoneel foar Van der Woude om nei sawat 40 jier de fytsen werom te finen. Al skrok hy wol fan de steat fan de fytsen. "Se binne der bysûnder min oan ta, want se ha de lêste 40 oant 50 jier gjin ûnderhâld hân. It is alderferskriklikst, mar better 'iets dan niets'", seit Van der Woude.

Se binne der bysûnder min oan ta, want se ha de lêste 40 oan 50 jier gjin ûnderhâld hân.

Marcus van der Woude

De fytsen stiene al dy jierren te fertutearzjen yn in opslachloads yn de gemeente Waadhoeke. It giet neist de houten rinfyts om fjouwer fytsen mei in grut foartsjil, in trijetsjiller mei in stjoertsjiltsje achter en twa saneamde 'safety bikes' mei twa tsjillen dy't in bytsje yn 'e buert komme fan de hjoeddeistige fyts. Van der Woude: "Eins kinne je mei dizze acht fytsen in iuwlang sjen wat der foar ûntwikkelingen der west hawwe yn de mobiliteitsyndustry. En dat is wol hiel unyk."

Better plakje

Van der Woude hat in plan betocht om dit histoarysk erfgoed in better plakje te jaan. Dit plan sil er meikoarten oan de wethâlder Jan Dijkstra fan Waadhoeke oerlangje. It is ûnder oare de bedoeling dat de fytsen nei de restauraasje te sjen binne yn it Nationaal Fietsmuseum Velorama yn Nijmegen. Neffens Van der Woude binne alle musea yn de omjouwing besocht, mar moat de kolleksje fytsen ek by it museum passe.

Ien fyts fan Jellema sil nei alle gedachten permanint te sjen wêze yn Museum Martena yn Frjentsjer.

Marcel van der Woude oer de histoaryske fytsekolleksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)