Boargemaster Brouwer slút loads yn Koatstertille

10 maaie 2021 - 13:42

Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen hat moandei in part fan in loads oan de Oastkern yn Koatstertille foar in healjier sluten. Yn de loads waard in methlab fûn. Ek fûn de plysje by de ynfal syntetyske drugs.

Foto: ANP Foto

De gemeente Achtkarspelen wurket mei oanskerpe belied om drugspannen te sluten. "Dat bliuwe wy aktyf dwaan, omdat ús ynwenners har feilich fiele moatte yn harren eigen doarp en buert", fynt Brouwer.

Wat is in methlab?

Methamfetamine, koart ek wol 'meth' of 'crystal meth' neamd, is in syntetyske drug dy't makke wurdt yn saneamde 'methlabs'. Yn sa'n laboratoarium wurdt mei ferskate grûnstoffen de harddrug methamfetamine makke. Dit soarte fan labs sieten jierrenlyn benammen yn it suden fan it lân, mar wurde ek hieltyd faker yn Fryslân, Grinslân en Drinte oantroffen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)