Lansearring app foar alternative Fytsalvestêdetocht útsteld oant july

10 maaie 2021 - 13:02

Fanatike fytsers dy't graach de alternative Fytsalvestêdetocht fytse wolle, moatte noch efkes wat langer geduld ha. Fanwege de coronamaatregels komt de organisaasje dit jier mei in spesjale app om de tocht te fytsen. Dy wurdt net dit Pinksterwykein lansearre, mar ferskynt pas yn july dit jier.

Fytsalvestêdetocht - Foto: Timo Jepkema Omrop Fryslân

De gewoane Fytsalvestêdetocht waard al yn maart dit jier ôfsein. It alternatyf is in tocht mei in app. Dat stie foar it pinksterwykein fan 23 op 24 maaie op it programma. Yn oerlis mei de Veiligheidsregio is lykwols besletten dat fytsers pas fan 7 july ôf de tocht mei de app dwaan kinne.

Neffens it bestjoer fan de Fytsalvestêdetocht is de app sa fier hinne klear dat er test wurde kin. Mei de app kinne fytsers oanjaan dat se de tocht fytse sille. Dielnimmers bepale sels wannear't se fytse, as dat mar ynpland wurdt tusken 7 july en 5 septimber. Se ha dan 19 oeren de tiid om de tocht te folbringen.

Digitaal stimpelje

Om grutte drokte foar te kommen, kinne minsken sels bepale wêr't se oan de tocht begjinne. Yn alle stêden, plus Holwert en Aldemardum, komme buorden mei QR-koades. Dêr kinne minsken dan 'digitaal stimpelje'. Foar it fytsen fan de tocht mei de app krije dielnimmers ynlochkoades.

Takom jier bestiet de Fytsalvestêdetocht 110 jier. It bestjoer hopet minsken dan wer manmachtich oan de start yn Boalstert te sjen op Pinkstermoandei 6 juny.

Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht oer de plannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)