Skoallen: Coronastipe te min om achterstannen yn te heljen

It is noch mar de fraach oft it Ryk wol genôch jild beskikber stelt om de efterstannen yn it ûnderwiis goed te meitsjen. Dat seit skoalbestjoerder Anne Leijenaar fan CVO-ZWF, de skoallekoepel dêr't ûnder oare it CSG Bogerman yn Snits en it Marne College yn Boalsert by hearre. Ek moat der sjoen wurde oft jild allinnich wol in oplossing is. Sa is rektor Jan Osinga fan it Lindecollege yn Wolvegea benaud dat der net genôch dosinten te finen binne, wylst it jild der no wol is om dy te beteljen.
Skoallen: Coronastipe te min om achterstannen yn te heljen
Trochdat learlingen thúsbliuwe moasten om it firus ûnder kontrôle te hâlden, ha se op skoalle in achterstân oprûn. Yn de lessen, mar ek sosjaal-emosjoneel. Hoe grut oft dy achterstân is, is noch net hielendal bekend. Der wurdt noch ûndersyk nei dien.
It regear jout skoallen meardere opsjes om de achterstannen yn te heljen. Sa soe foar alle bern de skoaldei langer wurde kinne, of der soene foar guon bern ekstra lessen bûten skoaltiid komme kinne. Yn de fakânsjes trochleare is ek ien fan de mooglikheden dy't yn in keuzemenu steane, dat it ministearje fan Underwiis moandei presintearre.

700 euro of mear

Foar alle bern krije de skoallen minimaal 700 euro fan it Ryk. Skoallen dêr't de bern gruttere achterstannen fan ha, kinne op mear jild rekkenje.
De Fryske skoallen binne bliid mei it jild, mar binne benaud dat it net alle problemen oplosse kin.

Leararetekoart

It sil in poepetoer wurde om genôch learkrêften te finen, sizze sawol Leijenaar as Osinga. Dat it net om struktureel jild giet, en dat it de kommende twa jier útjûn wurde moat, makket dat net makliker. Fêste kontrakten kinne je dan net oanbiede.
It leararetekoart wie foar de coronakrisis al grut. "Alle scholen zullen een enorm beroep doen op mensen, om ze in dienst te krijgen. Daar zie ik een probleem", fertelt Leijenaar.

Gjin ekstra wurk yn fakânsje

De minsken dy't no op de skoallen fan CVO-ZWF wurkje, kinne de ekstra stipe net jaan oan de bern dy't dat nedich ha, seit Leijenaar. "Zij hebben het hele jaar doorgewerkt, voor de kinderen in de klas, en via een scherm ook voor de kinderen thuis. Dan kan ik niet verwachten dat ze in de vakantie extra dingen gaan doen."
By it Lindecollege hopet Osinga noch wol in berop dwaan te kinnen op de meiwurkers dy't er no al hat: "Foar in diel kinne we it oplosse mei de minsken dy't we al yn hûs ha. Dy kinne we freegje om mear oeren te wurkjen, om't we se der no ek ekstra foar beleanje kinne. De minsken op in tydlik kontrakt kinne we hjirmei in ferlinging jaan." Dochs sjocht ek Osinga dat de tekoarten bliuwe sille.
Leaver hiene beide manlju sjoen dat it jild langer brûkt wurde mocht, en dat it mear wie as in bydrage fan ien kear. "Dan kunnen we echt wat betekenen", leit Leijenaar út.
Anne Leijenaar