HISWA-RECRON warskôget campings en fakânsjeparken foar 'schaduwvakanties'

10 maaie 2021 - 12:32

In fakânsjehûske boeke yn Appelskea foar it gefal de fakânsje yn de Ardennen net trochgiet. Brânsjorganisaasje HISWA-RECRON warskôget Nederlânske campings en fakânsjeparken foar dizze saneamde 'schaduwvakanties'. "Yn ús sektor binne wy fan natuere kûlant, mar net gek."

Reisorganisaasjes binne benaud foar saneamde 'skaadfakânsjes'

No't troch de coronamaatregels noch altyd net wis is oft wy dizze simmer nei it bûtenlân op fakânsje kinne, boeke in soad minsken in fakânsjebestimming yn eigen lân. Dochs hat in grut part stikem noch altyd de winsk om - as der ferrommings fan de coronamaatregels komme - dochs nei it bûtenlân te gean en harren fakânsje yn eigen lân te annulearjen.

Annulearringskosten

As campingeigeners en fakânsjeparken gjin goede betingsten opstelle by de boeking, rinne se in soad finansjele skea op, warskôget HISWA-RECRON. Petra Ellens fan de brânsjorganisaasje leit út wêr't ûndernimmers krekt om tinke moatte. "Lit minsken altyd annulearringskosten betelje as se koart fan tefoaren sûnder goede reden harren fakânsje opsizze. Set dit fan tefoaren dúdlik op papier."

Wol kûlant, net gek

Om ûndernimmers dêrby te helpen, hat HISWA-RECRON eigen algemiene betingsten op papier setten, dy't leden brûke kinne. "Ferline jier wiene in soad campingeigeners hiel kûlant as der in boeking ôfsein waard. Mar as gasten no noch altyd tinke 'ik rêd my der wol wer út', dan kinst dat mei dizze betingsten foarkomme. Elkenien wit yntusken wat corona is, dus gasten kinne no net mear sizze: 'dat hie ik net yn de gaten'."

Dûbele ynkomsten

As in fakânsjegast de boeking wol opseit en de annulearringskosten betellet, wêrnei't it hûske op 'e nij ferhierd wurdt, kin in campingeigener of fakânsjepark dûbele ynkomsten opstrike. Dochs binne de measte ûndernimmers dêr net op út, wit Ellens. "It soarget foar in hiel soad ekstra wurk en administrative rompslomp. Ik tink net dat ûndernimmers dêr yn de drokke simmerfakânsje op sitte te wachtsjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)