De Fryske kultuer kreaket yn 'e foegen: hoe is it safier kaam?

10 maaie 2021 - 12:00

De Fryske kultuersektor kreaket yn de foegen ûnder de oanhâldende druk fan de coronamaatregels. It falt noch mar te besjen wa't oerlibbet en wa net. Benammen foar selsstannigen yn de keunst en kultuer - de akteurs, de byldzjend keunstners en de muzikanten - is de coronakrisis funest.

Foto: Shutterstock.com / LightField Studios

In soad selsstannige kultuermakkers binne op syk nei oar wurk of gean út Fryslân wei, sa die bliken út in enkête fan Omrop Fryslân. Harren poadia, lykas teäters en musea, waarden rêden mei coronastipe, mar it jild streamt net nei harren ta, om't se net optrede of eksposearje kinne. Sa is de sektor ynrjochte en yn de ôfrûne tsien jier groeid, en dat bepaalt de gefolgen fan de coronakrisis foar de makkers.

Besunigingen yn 2011

Nei de flinke besunigingen yn de kultuersektor yn 2013 wiene Fryske keunstners op harsels oanwiisd. As yn 2011 doetiidsk steatssekretaris Halbe Zijlstra (Underwiis, Kultuer en Wittenskip, VVD) oankundiget dat it subsydzjebudzjet alle jierren foar de kultuersektor hast in kwart miljoen ynleverje moat, stiet de sektor op de efterste poaten.

De lilkens is grut: fan de 900 miljoen euro alle jierren wurdt goed 200 miljoen euro ôfhelle. Keunstners en leafhawwers hâlde De Mars der Beschaving, en troch it hiele lân binne ludike protesten.

De Mars der Beschaving begjint by Oerol op Skylge, juny 2011 - Foto: ANP

Mar de besunigingen komme der. En net stadichoan, sa't de Raad voor Cultuur advisearre. Zijlstra hellet yn 2013 fuortendaalks de folsleine 200 miljoen út it lanlike budzjet. Trochdat op de subsydzje alle jierren hast in fjirdepart besunige wurdt, ferdwynt alles wat ek mar in bytsje eksperiminteel en ûnkonvinsjoneel is.

In appel en in aai

Keunstners en oare kultuermakkers yn Fryslân gean need twongen sels oan de slach. Yn dy tiid wie der yn ús provinsje in soad goedkeap hûsfestjen, lykas anty-kreakwenningen, dy't de romte biede om yn saneamde feestgroepen byinoar te kommen. Yn dy 'feestgroepen' hearsket in grutte frijheid en ûntstiet in soad fernijing.

In soad bekende grutte eveneminten en inisjativen, lykas Hania Ljouwert, Kulturele Haadstêd en Welcome to the Village, binne yn dizze perioade ûntstien.

Besikers op Welcome to the Village, july 2015 - Foto: ANP

Hast foar neat wurkje de oerbleaune keunstners harren út de naad yn harren fakgebiet. Al gau docht bliken dat it foar de makkers dy't midden yn harren harren karriêre steane, yn Fryslân min tahâlden is. Jonge makkers, faak noch sûnder húshâlding en djoer keap- of hierhûs, kinne it har permittearje om foar net in soad jild harren wurk te dwaan.

Fêstige nammen, makkers dy't al lange tiid har karriêre opboud ha, krije har opdrachten wol. Mar de keunstners, akteurs en oare makkers dy't dêr tuskenyn falle, moatte de ôfwaging meitsje: wol ik keunst meitsjen bliuwe of yn myn libbensûnderhâld foarsjen kinne?

Mear subsydzje

De provinsje Fryslân lûkt har it lot fan de sektor oan en komt mei in fêste bydrage oan de keunstesektor. Ek de hâlding fan de Raad voor Cultuur en de seis Rykskultuerfûnsen feroaret: der komt hieltyd mear subsydzje nei it Noarden. Yn 2013, 2014 en 2015 komt der yn totaal sa'n 3,3 miljoen it jier nei Fryske teäters, musea en festivals yn de foarm fan mearjierrige subsydzjes.

Yn de jierren dêrnei begjint dat op te rinnen. It totaalbedrach oan subsydzjes fan it Ryk foar Fryske kultuerorganisaasjes is yn 2017 al krekt wat mear as fjouwer miljoen euro en yn 2020 hast 4,4 miljoen euro. Foar 2021 stiet it yn it oersjoch fan it ministearje sels mear as fiif miljoen begrutte foar Fryske kulturele ynstellingen. Ek it tal organisaasjes dat subsydzje ûntfangt, nimt ta. Wiene it der yn 2013 noch fjouwer, yntusken binne it der tolve.

Boppe-op de fêste mearjierrige subsydzjes giet der yn 2018 ek fiif miljoen oan subsydzje nei Kulturele Haadstêd. Yn 2020 en de earste helte fan 2021 komt yn totaal hast 11 miljoen euro nei Fryslân om de sektor troch de coronakrisis te helpen. Yn de ôfrûne jierren hat him dus in stevich systeem foarme, besteande út kanalen tusken de fûnsen en de organisaasjes yn it Fryske kultuerlânskip, wêryn't de subsydzje hieltyd better streamt. Mar dy subsydzje, en no ek de coronastipe, streamt nei de organisaasjes en dêr sit in wichtige kearn yn dit ferhaal.

Dêr't de subsydzje streamt, streamt de coronastipe

De organisaasjes, lykas teäters en musea, wurde yn libben hâlden mei de coronastipe. Sy kinne har ferwaarming en ûnderhâld betelje en minsken yn tsjinst hâlde no't der gjin ynkomsten komme út de kaartferkeap. Mar sy eksposearje gjin wurk fan byldzjend keunstners. Se ha gjin akteurs op de poadia stean. Dy keunstners en akteurs binne hast allegearre selsstannich ûndernimmer, en se binne net fuortendaliks, lykas de kultuerynstellingen, oansletten op de hieltyd better funksjonearjende ynfrastruktuer fan kultuersubsydzjes.

En krekt mei dizze ynfrastruktuer kin men oan coronastipe komme. Dy stipe streamt allinnich net fierder as de organisaasjes, om't der gjin keunst toand wurdt troch de makkers, en se dus gjin opdrachten útfiere foar de ynstellingen.

Mar de zzp'ers yn de keunst en kultuer kinne kinne allinnich oanspraak meitsje op de TOZO. Dat is de oerbrêgingsregeling fan de oerheid dy't derfoar soarget dat selsstannigen har ynkommen oanfolje kinne ta bystânsnivo, mocht it ynkommen troch de coronakrisis ûnder it sosjaal minimum komme. Allinnich al yn 2020 krije 650 Fryske selsstannigen yn kulturele beroppen sa'n TOZO-útkearing. Mar fierder as it bystânsnivo giet dy stipe net.

Hoe rêde wy de keunstners?

De provinsje ferwachtet dat dit foar in flinke tebeksetter yn de kultuersektor soargje sil: keunstners sille it mei minder dwaan moatte en litte de sektor efter har. Nije keunstners dy't fan de keunstakademys komme, sille benaud wêze om wurk te sykjen yn de kultuersektor, no't it libbensûnderhâld sa ûnwis is.

Al yn de simmer fan 2020 wie mear as de helte fan de minsken dy't ûnderfrege waard mei in enkête fan Omrop Fryslân benaud foar it fuortbestean fan it wurk yn de kulturele sektor. Likernôch in tredde part tocht der doe al oer nei om wurk bûten de sektor te sykjen. Yntusken bliuwt de krisis mar trochgean. De provinsje ferwachtet dat wy de gefolgen hjirfan de kommende twa oant trije, miskien wol de kommende fjouwer jier, sjen sille.

Troch de stipe bliuwe de ynstellingen oerein, mar der sil in flinke delgong te sjen wêze ûnder de makkers sels. En wa stiet der dan aanst op dy poadia dy't de krisis wol oerlibbe ha? Wa eksposearet aanst bylden en skilderijen yn de musea dy't rêden binne troch de coronastipe? Ha wy aanst de organisaasjes yn libben hâlden, mar binne de teäters en de musea lege hûzen wurden om't der gjin keunstners mear oer binne?

Musea binne al sûnt desimber fan it ôfrûne jier sletten - Foto: ANP

De provinsje Fryslân ferwachtet dat de selsstannigen dy't goed de wei witte har wol rêde sille. Soargen binne der oer krekt de jonge makkers en selsstannigen dy't dat minder goed kinne. De ferwachting is dat dizze groep omfalt of út de sektor giet, of miskien nei de keunstakademy nea begjinne sil oan in karriêre yn de kultuersektor. Ek de provinsje sjocht it probleem fan de coronastipe, dy't hingjen bliuwt by de ynstellingen, salang't de musea en teäters ticht binne.

Hoe rêde wy de makkers?

De provinsje is op it stuit dêrom ek dwaande mei it beäntwurdzjen fan de sintrale fraach: hoe soargje wy dat wy, neist it yn libben hâlden fan de organisaasjes, ek de makkers de mooglikheid jouwe om yn Fryslân te bliuwen en te wurkjen yn de kultuersektor? In earste stap is in nij fûns, dat ek subsydzje jout foar pilotprojekten en dus, yn tsjinstelling ta oare lanlike en provinsjale fûnsen, kânsen jout oan keunstners dy't har noch net bewiisd ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)