Kinne ljippepiken mear ynsekten fine yn braaklizzende swarte grûn?

10 maaie 2021 - 10:54

Kinne ljippepiken better oerlibje as boeren in stik fan harren lân omploegje en braak lizze litte? Dat is de fraach dy't sintraal stiet yn it eksperimint yn Oentsjerk, Kollum, Driezum, Lekkum en de Wynsterpolder.

braaklizzende grun ljip

Yn de braaklizzende stikken swarte grûn kinne ljippepiken better ynsekten fine, is it idee. Om te ûndersykjen oft dat kloppet, sil ûndersyksburo Altenburg en Wymenga it tal ynsekten yn dizze gebieten telle. Boppedat krije in pear folwoeksen ljippen in gps-stjoerder om de poat om te sjen oft se op de braaklizzende grûn rinne. Fansels moatte dizze ljippen wol piken ha. Ek dat wurdt byhâlden.

It ekspiremint is in projekt fan feriening De Noardlike Fryske Wâlden en wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân.

Foto: Vogelbescherming Nederland

Stripen braaklân foar fûgelpykjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)