Mear as 80.000 minsken tekenje rêdingsplan foar de skries

10 maaie 2021 - 08:59

Al mear as 80.000 minsken ha de ôfrûne moanne de petysje fan de Fryske Miljeufederaasje tekene om de skries te rêden. It giet striemin mei de skries. Dêrom is der in grut plan betocht om der foar te soargjen dat de fûgel net ferdwynt.

Jonge skries yn it fjild - Foto: Omrop Fryslân

Yn it plan fan de Fryske Miljeufederaasje steane ferskate foarstellen om de skries te rêden. Sa soene der tritich gebieten fan tûzen bunder komme moatte dêr't boeren en natuerbehearders har maksimaal ynsette foar greidefûgels. Ek stelt de miljeufederaasje foar om oerienkomsten mei boeren ôf te sluten foar agrarysk natuerbehear foar meardere jierren.

It plan foar it rêden fan de skries soe it Ryk 35 miljoen euro yn it jier kostje. Yn de petysje ropt de Fryske Miljeufederaasje it nije regear op om dit plan op te nimmen yn it regearakkoart.

Ald-politikus Pieter Winsemius wie yn it ferline minister fan Volkshuisvesting, Ruimtelijke Ordening en Milieu. Hy is inisjatyfnimmer fan it plan om de skries te rêden en is wiis mei alle hantekeningen yn sa'n koarte tiid. "Iedereen wil graag dat de grutto overleeft, hij is het symbool van onze weidevogels. Met deze petysje kunnen we echt een vuist maken."

Kompensaasje foar de boeren

Neffens Winsemius hat it plan seker kâns fan slagjen. "We zitten op het moment in een heel spannende fase. Het plan ligt bij het kabinet, waar wordt gekeken of er geld vrijgespeeld kan worden. Dit geld is nodig om de boeren te compenseren voor hun nieuwe vorm van weidebeheer. Boeren moeten heel veel dingen laten, dus daar moet je ze voor vergoeden."

Oare fokuspunten

Njonken jild is der mear nedich, wit ek Winsemius. "Je moet grote aaneengesloten gebieden hebben om dit nieuwe weidebeheer succesvol te kunnen uitvoeren. Het gebied moet vrij nat zijn. Er zitten in Friesland zo'n 15 gebieden die daarvoor in aanmerking komen. Dus dat is vrij spannend."

Ta beslút sjocht de Fryske Miljeufederaasje ek nei oare saken, lykas predaasjebehear. "Vijftig procent van de gruttokuikens wordt opgegeten door roofdieren. De vraag is hoe je deze dieren buiten de deur houdt. Ook daar willen we ons over buigen."

Stypje ek it plan om de skries te rêden

Op de webside fan de Fryske Miljeufederaasje kin elkenien de petysje ûndertekenje om de skries te rêden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)