Kollum: "Kollum opnimme"

10 maaie 2021 - 08:15

"Ien kear yn de twa wiken nim ik dizze kollum op. Dat doch ik sels. Ik soe it fansels hiel maklik opnimme kinne by de Omrop. Yn in profesjonele studio mei in lûdsman en sa. Mar ik mocht de kollums dus ek sels opnimme.

Foto: Janneke de Haan

De toan fan Janneke de Haan

Der binne ferskate apps om in kollum op te nimmen. No dat like my wol wat. Fanwege corona kom ik yn dizze tiid nammentlik net sa faak mear yn Ljouwert. Dus as ik dat opnimmen moai thús dwaan kin, is dat wol handich. Mar dan moat ik wol in stil plakje fine. En fyn dat mar ris by ús thús.

Bûtenút wenje; lekker rêstich, sille jim tinke. No, moai net. Wy ha in prachtich reiddutsen dak, wat in geweldich plakje is foar protters, swarte lysters en sweltsjes, dy't dêr harren nestjes meitsje. Ritsel, ritsel giet it de hiele dei.

En binne it de fûgels net, dan binne it de hûnen wol. Efkes lekker blaffe as der ien by de doar is; fansels krekt op it momint dat ik op record druk. En as ik dan einlings in rêstich plakje fûn ha, is it fansels krekt in 'min waar' dei, sadatst de wyn troch de ruten hinne waaien hearst. En dat komt dan dus ek op de opname.

Of de katten. Ik wit noch goed dat we jonge katten hiene. Ik nei de wenkeamer. De doar ticht. De gerdinen ticht, want oars heart it sa hol. Krekt as ik begjinne wol, sjoch ik dêr in pear lytse poezepoatjes ûnder de doar troch kommen. En dy begjinne te skrabjen. Krekt sa lang oant se harren alle fiif ûnder de doar troch wrotten ha om dêrnei de wenkeamer yn te sjitten en by de gerdinen omheech te racen. Dy kear ha ik se allegear opsletten yn 'e sliepkeamer en koe ik einlings myn kollum opnimme.

In oare steurfaktor is myn freon. Hy is oergryslik leaf, dêr giet it net om. Mar hy kin oe sa'n kabaal meitsje. Altyd krekt as ik de kollum opnimme wol! Undertusken bin ik der achter kaam dat ús sliepkeamer it rêstichste plakje fan it hûs is. Dus dan dêr mar de kollum opnimme. Mar dy keamer leit njonken it kantoar fan myn freon, dêr't allegearre apparaten steane dy't lûden meitsje. Bygelyks de 3D-printer, dy't pruttelet en rattelet. En jim riede it al: fansels moat Thys altyd krekt wat printsje as ik de kollum opnimme moat!

Dus no set ik him it hûs út, nei de skoarre. Mar wat hear ik dêr?! Hy is al wer dwaande mei syn slyptol. En dy hearst ek yn 'e hûs. "Thyyyyssss geen lawaai maken", rop ik. Hy hâldt daliks op, mar stiet der beteutere by te sjen. Wat mei hy noch wol dwaan? Tenei as ik de kollum opnim, rint er mar in rûntsje troch de tún.

Nei dat ik alle steurfaktoaren út de wei holpen ha, sit ik dan einlings yn in stille keamer. Mar it heart wol wat skel. Hmmm, hoe moat ik dat no wer ha? Ik belje myn broer, dy is fideo-editor en wurket in soad mei lûd. Hy sil wol in goeie tip ha. Dat binne der twa: of ik moat my opslute yn in kast of ik moat ûnder in tekken krûpe. In geskikte kast ha we net, dus ik besykje de tekken. En it wurket!

As ik de kollum skreaun ha, stap ik it bed yn. Lûk ik de tekkens fier oer my hinne en set ik de voice-app oan. Yn ien wurd: stilte. En beslist net skel. Hearre jim it? De rêst?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)