Eangst foar grutte dip kulturele sektor: zzp'ers steane te springen om stipe

10 maaie 2021 - 06:45

Yn de kulturele sektor slacht de koronakrisis it hurdst ta by zzp'ers. "Aanst steane teäters en musea hielendal leech, om't der gjin makkers mear binne", is de grutte soarch fan Henk Hofstra. Hy is foarsitter fan de Boeroeps Organisatie Kunstenaars (BOK) en liedt de needklok.

Eangst foar grutte dip kulturele sektor

Ynstellings as teäters en musea krije lanlike subsydzje. Se wurde yn dizze krisis goed kompensearre. Foar zzp'ers sit dat oars. Romy Joya Kuldip Singh is drok dwaande mei it slypjen fan in keunstgebit. In jier lyn wie se ek drok dwaande, mar dan mei har keunstynstallaasjes.

De byldzjend keunstner timmere aardich oan 'e dyk, mar hat in pear moanne lyn besletten de oplieding Tandprothetiek te folgjen. Dêrmei wurdt se spesjalist yn it meitsjen fan keunstgebitten en brêge- en kroanwurk. Se wurket no by Mondzorg Drenthe yn Beilen.

Senuweftich

Se fertelt dat de rêst yn it begjin fan de coronakrisis wol noflik wie, om't se it hiel drok hie as keunstner. "Maar zo langzaamaan duurde het en duurde het en werd iedereen zenuwachtiger: de stemming veranderde."

ZZP'er Romy Joya Kuldip Singh

Se hat doe besletten om talittingseksamen te dwaan foar de oplieding dy't se no docht en waard oannommen. "Het idee sluimerde al een tijdje in mijn achterhoofd dat ik dit graag wilde doen, mocht het ooit een keertje niet lukken met de kunst."

Keunstners sykje wurk bûten kulturele sektor

Ut in eardere peiling fan Omrop Fryslân blykt dat hast 35 prosint fan de dielnimmers yn mear of mindere mate fan plan is om wurk bûten de Fryske kulturele sektor te sykjen. Romy hat dêr dus serieus wurk fan makke. Bytiden slacht de twivel noch wolris ta. "Ik hoop dat als ik mijn opleiding over een paar jaar klaar heb, ik weer wat tijd heb voor mijn kunst." Mar wol néist har nije baan.

Filmmakker Fabian Jansen

Fabian Jansen is akteur en film- en teätermakker. Hy hat de sektor noch net ferlitten, mar hat it wol dreech. "Mijn laatste film, Ada, heb ik van mijn spaargeld betaald." Boppedat hat er himsels al in pear moanne gjin lean betelle. Hy stiet te springen om stipe. "Dit moet niet te lang meer duren, anders is het einde verhaal voor Fabuch Cinema."

It is neffens Jansen te maklik sein om oar wurk te sykjen. "Mensen willen toch naar het theater, een tv-serie kijken of een boek lezen? Dat moet altijd voorgefinancierd worden om vervolgens terug te worden verdiend met kaartverkoop. Makers zijn vaak als eerste de kind van de rekening, er moet nu echt wat gebeuren."

It Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Henk Hofstra fan de Beroep Organisatie Kunstenaars

Henk Hofstra fan de Beroeps Organisatie Kunstenaars (BOK) makket him grutte soargen oer de makkers yn de sektor. "Stel: al it jild giet nei ynstellingen en gebouwen, dan steane teäters en musea aanst hielendal leech. Der wurdt gjin foarstelling mear makke en der is gjin orkest dat noch spilet, want de makkers binne der net mear." Hy pleitet derfoar om de zzp'ers sa gau as mooglik goed te stypjen.

8,5 miljoen nei Fryslân

It Ryk hat 150 miljoen euro beskikber steld foar stipe oan de kulturele sektor en hat dat jild ferdield oer de gemeenten. Fryske gemeenten krije sa'n 8,5 miljoen euro dat se yn de kultuer yn harren gemeente stekke moatte.

Hofstra ropt gemeenten op om safolle mooglik fan dit jild streekrjocht yn zzp'ers te stekken. De BOK hat nei alle gemeenten yn Nederlân in standert moasje stjoerd. "Politike partijen kinne it sa oernimme. Yn de moasje stiet dat se in part/grut part/alles oan de makkers yn de kultuer besteegje, mar krekt wat se wolle."

De gemeente Ljouwert hat 1,9 miljoen euro fan it Ryk krigen en stelt dêrfan 250.000 euro beskikber foar in spesjale regeling foar makkers.

Politike gemaksucht: ferkearde ferdieling fan jild

Hofstra is benaud dat it grutste part fan dit jild dochs wer nei de gruttere ynstellings giet. "Dat is gemaksucht fan de politisy en bestjoerders. Troch it jild direkt oan in grutte ynstânsje te jaan ha se har plicht wer dien, want it giet nei kultuer."

Hoefolle stipe ha Fryske gemeenten fan it Ryk krigen om de kultuersektor troch de krisis te helpen? (docht de fisualisaasje it net by dy, klik dan hjir):

Wat opfalt is dat de grutte ynstellings dy't lanlike subsydzje krije, wol yn libben holden wurde mei coronastipe. De oerheden witte dizze organisaasjes goed te finen, om't se gewoanwei dus al subsydzje krije. Mar dyselde coronastipe streamt op it stuit net nei de makkers. Want der wurdt gjin wurk fan byldzjend keunstners tentoansteld en der steane gjin akteurs op de poadia, om't alles ticht is.

Zzp'ers kinne wol oanspraak meitsje op de TOZO-útkearing, mar de hichte is gelyk oan it bystânsnivo. Yn Fryslân ha foarich jier 650 zzp'ers in berop op de regeling dien. Foar in soad selsstannigen is it net genôch, om't men foar corona in heger lean hie as de bystân. Dêrom binne der in soad zzp'ers dy't oar wurk dogge, mei as risiko dat dizze minsken miskien wol noait mear werom komme nei de kulturele sektor.

(Advertinsje)
(Advertinsje)