Gaslek nei't frachtwein tsjin gevel rydt yn Drachten

By in ûngelok yn Drachten is moandeitemoarn betiid in frachtwein tsjin de gevel fan in bedriuw riden. Dat barde oan de Gaffel yn Drachten. By it ûngelok ûntstie lekkaazje yn in gaslieding. De brânwacht liet de omjouwing út foarsoarch ôfsette, mar yntusken is it gebiet wer frijjûn. Liander is noch dwaande mei it tichtsjen fan it gat yn de lieding.
© De Vries Media
De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij. Syn frachtwein mei trailer rûnen hast gjin skea op troch de oanriding.