Auto fljocht al ridende yn 'e brân by De Tike
By De Tike is sneintejûn in noch ridende auto yn de brân flein. De bestjoerder en de trije bern koenen op 'e tiid út de auto komme en rekken net ferwûne.
It ynsidint barde op de Master de Jongwei yn it doarp. Doe't de brânwacht teplak wie, stie de auto al hielendal yn 'e brân. Dy kin as ferlern beskôge wurde.