Fryske wethâlder: 'We dogge net genôch mei kânsen dy't Europa biedt'

Fryslân moat mear gebrûk meitsje fan de mooglikheden dy't Europa te bieden hat. Dat wie ien fan de konklúzjes yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Dêryn wienen snein VVD-Europarlemintariër Jan Huitema, PvdA-wethâlder Fimke Hijlkema en FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer te gast.
© Omrop Fryslan
Harkje nei it Nijsfoarum mei Jan Huitema, Filmke Hijlkema en Aant Jelle Soepboer
9 maaie is de dei fan Europa. Neffens Huitema, dy't sûnt 2014 foar de VVD yn it Europeesk parlemint sit, realisearje in soad minsken har bêst dat wy net sûnder Europa kinne, ek al is der faak in soad krityk.

Huitema: net apart oplosse

"Jo kinne hjoed-de-dei kwestjes as klimaatferoaring, feiligens, ymmigraasje, ynnovaasje of cybersecurity net apart as lannen oplosse", seit Huitema. "Dat moat Europeesk. Boppedat smyt elke ynvestearre euro acht kear sa folle oan omset op. It kin dus ek nochris royaal út."
It is goed dat de provinsje, mei Sander de Rouwe foarop, dit oppakt.
PvdA-wethâlder Hijlkema is wiis mei it wurk fan de CDA-deputearre
Neffens wethâlder Fimke Hijlkema (PvdA) fan Eaststellingwerf biedt Europa in soad mooglikheden. Ek foar Fryslân, mar dy kânsen wurde lang net altyd pakt. "Gemeenten hawwe hjir gjin amtner foar European Affairs of sa. Dêrom is it goed dat de provinsje, mei Sander de Rouwe foarop, dit oppakt."

Betingsten oan miljardepot EU

Foar it opknappen fan de Europeeske ekonomy nei de coronapandemy hat Europa in miljardepot klearstean. "Nederlân hat dêr noch kwealik plannen foar", fertelde Huitema. "Mar der sitte wol betingsten oan. De Nederlânske hypoteekrinte-ôflûk moat bygelyks herfoarme wurde, oars komme wy hjir net yn de beneaming foar dat jild. Dêr moat dus noch wol goed nei sjoen wurde."

Soepboer: earst de krisis troch

FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer fan Noardeast-Fryslân fynt dat we ús earst rjochtsje moatte op it omgean mei de krisis sels. "Miskien duorret it noch wol jierren dat we hjir lêst fan ha, bygelyks omdat der nije farianten komme."
Fimke Hijlkema pleite derfoar om it iene te dwaan sûnder it oare te litten. Se neamde de sirkulêre ekonomy as goed foarbyld foar in ûnderwerp dêr't de plannen foar klearstean moatte as dalik dat Europeeske jild beskikber is.