Tal nije besmettingen yn Fryslân ûnder trochsneed, wol ien stjergefal

09 maaie 2021 - 15:28

Yn Fryslân binne oant 10.00 oere sneintemoarn 175 nije coronabesmettingen registrearre. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der tsien minder as in dei earder, doe gie it om 185 nije besmettingen. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 191 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Dat gemiddelde oer sân dagen lei presys in wike lyn op 153. It skeat dy dei omleech, omdat it RIVM fanwege in steuring doe mar tritich besmettingen melde.

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (47). Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 29 en Opsterlân mei 18 nije besmettingen.

Ien stjergefal, trije Friezen nei sikehûs

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Achtkarspelen. Der wienen ek trije nije sikehûsopnamen yn ús provinsje: ynwenners fan Ljouwert, Smellingerlân en Weststellingwerf.

It tal sikehûsopnamen yn Fryslân hat yn in jier tiid net sa heech west as de ôfrûne wike.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 6.704 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.528.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)